Oprop ynsamling materialen Belibje it wer
Oantinkens oan eartiids kinne troch alle sintugen oppikt wurde. Soms giet it ûnbewust, mar kinst it ek bewust oproppe. By oantinkens hearre faak moaie ferhalen, dy't graach ferteld wurde. Dêrom wurde troch Dat wie doe sa mei 'Belibje it wer' fiif temakoffers mei bypassend materiaal ûntwikkele. Foar aktiviteitebegelieders en frijwilligers is sa'n temakoffer in hiel brûkber middel om mei âlderen yn petear te reitsjen. De koffers mei de tema's: Hânwurk en moade, Skoalletiid, Alvestêdetocht, Muzyk en toaniel en Iten en drinken moatte noch fold wurde. Dêrfoar freegje we jo help. Sjoch foar de materialenlist en de ynsammelpunten op Belibje it wer yn boppesteande balke.
Praat nea ‘oer’ de soarchfreger hinne, mar praat mei him/har.
Mear tipsDûns - Jan Siebelink
Skreaun foar de Fryske Foarlêslunch en op 7 oktober 2016 foarlêzen troch Hylke Speerstra.
BesjochPostkantoar: Myn wurk is myn hobby
Yn 1972 hawwe se my frege oft ik behearder wurde woe fan it postkantoar yn Warkum. Ik miende dat ik net wer nei Warkum ta woe, mar it is der al fan kommen.
BesjochJirpels
Gedicht: Us mem is gek op pasta, / ús heit hat leaver rys, / myn broer bestelt in pizza / ús pake fynt soks fiis. / Syn wrâld bestiet út jirpels
BesjochAaisykje
Gedicht: Aaisykje - Heit, wêrom hasto my dyn dreamen net ferteld? / Nosto der net mear bist, wit ik fan neat. Hast / kikkerts fongen by de tsjerkhôfsleat? Lake dyn / mem doe’st fytse koest? / Wiest bang yn ‘t tsjuster?
BesjochMedische informatie duidelijk met animatie in eigen taal

‘Als patiënten slecht nieuws krijgen van de arts, gaan de alarmbellen af en de luikjes dicht’ vertelt Ralph Koppers, longarts bij het MCL in Leeuwarden. Hij merkt in de praktijk dat de woorden van de arts vaak in een diepe put vallen of heel selectief worden opgenomen. Dat moest anders!
Lês fierderTema's:
Workshop Dat wie doe sa foar frijwilligers

Dat wie doe sa materiaal wurdt út de kast helle en ynset troch frijwilligers yn de soarch. De workshop wurdt fergees oanbean en duorret sa'n 1 oant 1,5 oere.
Lês fierderTema's:
Deistich libben / FerskaatBelibje it wer

‘Belibje it wer’ is ûnderdiel fan it projekt Dat wie doe sa, dat materiaal yn de Fryske taal oanbiedt, rjochte op reminisinsje: it opheljen fan oantinkens. It is in mienskiplik projekt fan Leppehiem, Friese Poort, Hof & Hiem en de Afûk.
Lês fierderTema's:
Beroppen / Sjonge en spylje / Deistich libben / Skoalle / Iten en drinken / Sport / Ferskaat