Postkantoar: Myn wurk is myn hobby
Op 8 july 1927 bin ik berne yn Warkum, yn dit hûs hjir oan it Súd dêr’t ik no ek noch wenje. Us heit wie fertsjintwurdiger en ús mem wie húsfrou. Ik wie noch gjin twa jier, doe’t ús heit stoarn is. Ik ha fierder dus gjin broers of susters, want ús mem is net wer troud. Yn 1945 kaam ik fan de MULO en doe fregen se my oft ik hjir yn Warkum telefoniste wurde woe. Ik hie dêr noch noait oer prakkeseard, mar it like my wol wat ta.
Der wiene yn dy tiid tachtich minsken yn Warkum dy’t telefoan hiene. As der belle waard, moast ik foar de ferbining soargje. Dat gong doe noch mei fan dy stoppen. As der ien belle, dan foel der in klepke om mei in nûmer derop. De minsken fregen dan om harren troch te ferbinen nei in oar nûmer. It wie eins hiel simpel wurk. Wiest de hiele dei mei minsken yn petear, dat wie it aardige deroan. Al hiel gau koest fansels al dy nûmers út de holle. Ik wit no noch dat de famylje Roelofs nûmer 1 hie, H. Bergsma hie nûmer 23 en it gemeentehûs hie nûmer 12. Soks ferjitst gewoan noait wer.
Ik ha dat doe njoggen jier dien. Ik bin mei fjouwer oeren wyks begûn. Doe’t de sintrale útwreide, waarden dat fjirtich oeren. Ek nachts wie der ien om myn tsjinst oer te nimmen. Yn 1954 wiene der goed twahûndert minsken yn Warkum dy’t telefoan hiene. Yn dy tiid kaam de automatisearring en waard de telefoniste oerstallich. Doe bin ik oerskeakele nei it postwêzen sels. Ik ha njoggen moanne op kursus west yn Ljouwert, ien dei wyks wurke ik yn de praktyk yn Boalsert. Doe kaam ik earst oan it wurk op it postkantoar op Leeuwenburg yn Snits en dêrnei op it nije kantoar oan de Westersingel. Dêr ha ik doe ek sechtjin jier wenne, by in frou op keamers.
Yn de jierren sechtich waarden wy ek hiel geregeld troch de PTT te wurk steld yn it westen fan it lân. Dat wie hiel ôfwikseljend. Sa gongen we bygelyks ek faak nei Amsterdam te wurkjen, soms trije wike, soms trije moanne. In freondinne fan my dy’t ek by de PTT siet gong dan ek dy kant op. Wy troffen mekoar dan wol faak yn de stêd. Dat wie in moaie tiid. Yn Fryslân ha ik oeral wol tydlik oan it wurk west.
Yn 1972 hawwe se my frege oft ik behearder wurde woe fan it postkantoar yn Warkum. Ik miende dat ik net wer nei Warkum ta woe, mar it is der al fan kommen. Sa bin ik hjir wer by ús mem yn de hûs kommen te wenjen, sy wie fansels ek âlder wurden en hie myn soarch wol nedich. Ik koe poerbêst mei ús mem, dus dat wie gjin probleem.
Der wiene yn dy tiid sa’n tsien postrinners yn Warkum. Moarns om seis oere waarden op it postkantoar earst bakken fol post sortearre. De post waard doe besoarge op de fyts. Middeis barde datselde wer, want de post waard twa kear deis rûnbrocht. Doe’t letter de wenwiken grutte waarden, kamen de auto’s. Ik ha yn myn karriêre by de PTT hjir yn Warkum noch twa postauto’s meimakke. As postkantoarhâldster hoegde ik gjin unifoarm oan, mar ik hie wol sa’n nammekaartsje op.
Op in postkantoar komst al gau mei in hiele protte minsken yn de kunde. As der nije ynwenners kamen yn Warkum, kamen se faak al gau geregeld by my oan it loket. Earst witst dan fansels noch net krekt wêr’t se wenje, mar stadichoan koe ik se al gau thúsbringe. Makkest dan fansels ek in praatsje mei de minsken, it wie alle dagen wer oars. Ik ha dit wurk al mei al fjirtich jier dien, mei hert en siel mei ’k wol sizze. Der barde fan alles, minsken kamen om pakjes te ferstjoeren, wy moasten sjeks en postwiksels útbetelje, loftpostbrieven ferstjoere, gean sa mar troch. Ik holp âldere minsken ek faak as sy problemen hiene mei it ynfoljen fan bepaalde formulieren. Ik fûn it sok moai wurk, it wie noait in belêsting foar my. De saak moast goed foarmekoar wêze, ik moast der foar soargje dat alles yn oarder wie. De kas moast fansels ek altyd klopje. Ik ha sels ek in skoft postsegels sammele, spesjaal fan Suriname en de Nederlânske Antillen. Mar ik hie mear hobbys. Ik siet yn ferskillende bestjoeren en ha ek tolve jier warber west foar de herfoarme tsjerke yn Warkum.
Yn 1985 fierde ik myn fjirtichjierrich amtsjubileum by de PTT. Dat wie in geweldich feest. Ik ha doe ek in lintsje krigen. En in moai Warkumer ierdewurkboard mei in ynskripsje. It hinget hjir boppe de doar yn de keamer: ‘Ter herinnering aan Uw 40-jarig ambtsjubileum 1945-1985’. Dêr bin ik wiis mei.