Privacy

Privacybelied www.datwiedoesa.nl fan de Afûk
Dizze side is foar it lêst oanpast op 22 oktober 2014.

Wy binne ús derfan bewust dat jo fertrouwen yn ús hawwe. Wy sjogge it dan ek as ús ferantwurdlikheid om jo privacy te beskermjen. Op dizze side litte wy jo witte hokker gegevens oft wy sammelje as jo ús website brûke, wêrom oft wy dy gegevens sammelje en hoe’t wy jo gebrûksûnderfining dêrmei ferbetterje. Op dy manier begripe jo presiis hoe’t wy wurkje.

Dit privacybelied is fan tapassing op de tsjinsten op www.datwiedoesa.nl fan de Afûk. Jo moatte jo der bewust fan wêze dat de Afûk net ferantwurdlik is foar it privacybelied fan oare sites en boarnen. Troch gebrûk te meitsjen fan dizze website jouwe jo oan dat jo it privacybelied akseptearje.

De Afûk respektearret de privacy fan alle brûkers fan syn site en soarget derfoar dat de persoanlike ynformaasje dy’t jo ús jouwe fertroulik behannele wurdt.

Hoe’t wy de gegevens dy’t wy sammelje brûke

Gebrûk fan ús tsjinsten

As jo jo oanmelde foar ien fan ús tsjinsten freegje wy jo om ús jo persoansgegevens te jaan. Dy gegevens wurde brûkt om de tsjinst leverje te kinnen. De gegevens wurde opslein op de eigen befeilige servers fan de Afûk of fan in tredde partij.

Kommunikaasje

As jo in e-mail of oare berjochten nei ús stjoere, kinne wy dy berjochten bewarje. Soms freegje wy nei jo persoanlike gegevens dy’t foar de oanbelangjende situaasje relevant binne. Dat makket it mooglik om jo fragen te ferwurkjen en jo fersiken te beäntwurdzjen. De gegevens wurde opslein op de eigen befeilige servers fan de Afûk of fan in tredde partij.

Cookies

Wy sammelje gegevens foar ûndersyk om op dy manier in better ynsjoch te krijen yn ús klanten, sadat wy ús tsjinsten dêrop ôfstimme kinne.

Dizze website makket gebrûk fan cookies (tekstbestantsjes dy’t op jo kompjûter set wurde) om de website te helpen te analysearjen hoe’t brûkers de site brûke. De ynformaasje dy’t cookies opleverje oer hoe’t jo de website brûke kin oerbrocht wurde nei de eigen befeilige servers fan de Afûk of fan in tredde partij. Wy brûke dy ynformaasje om by te hâlden hoe’t jo de website brûke, om rapporten oer de website-aktiviteit op te stellen en om oare tsjinsten oan te bieden yn ferbân mei website-aktiviteit en ynternetgebrûk.

Doelen

Jo kinne in besite bringe oan ús website sûnder dat jo ús meidiele wa’t jo binne en sûnder dat jo persoanlike ynformaasje frij hoege te jaan. Mar as jo gebrûk meitsje wolle fan ús aksjes, produkten en/of tsjinsten, is it nedich dat wy de gegevens dy’t jo ús jûn hawwe ferwurkje, sa as jo namme, e-mailadres en/of eventueel oare needsaaklike gegevens. Jo gegevens wurde inkeld en allinnich brûkt foar it ôfhanneljen fan jo fersyk en salang bewarre as nedich is om oan it ôfhanneljen of beäntwurdzjen fan jo fersyk te foldwaan.

Tredden

De ynformaasje wurdt net mei tredden dield. Yn guon gefallen kin de ynformaasje yntern dield wurde. Us wurknimmers binne ferplichte om de fertroulikheid fan jo gegevens te respektearjen.

Wizigings

Dizze privacyferklearring is ôfstimd op it gebrûk fan en de mooglikheden op dizze site. Eventuele oanpassings en/of feroarings fan dizze site kinne liede ta wizigings yn dizze privacyferklearring. It is dêrom saak om dizze privacyferklearring geregeld te rieplachtsjen.

Utskriuwen nijsbrief

Jo ûntfange ús nijsbrief as jo jo dêr eksplisyt foar opjûn hawwe en sels befêstige hawwe. Yn elke nijsbrief fine jo in link om jo ienfâldich út te skriuwen.

Cookies útsette

De measte browsers binne standert ynsteld om cookies te akseptearjen, mar jo kinne jo browser op ’en nij ynstelle om alle cookies te wegerjen of om oan te jaan wannear’t in cookie ferstjoerd wurdt. Mar it soe wêze kinne dat guon funksjes en services, op ús en op oare websites, net goed funksjonearje, as cookies yn jo browser útskeakele binne.

Fragen en feedback

Wy kontrolearje geregeld oft wy oan dit privacybelied foldogge. As jo fragen hawwe oer dit privacybelied, kinne jo kontakt mei ús opnimme:

Afûk
Postbus 53
8900 AB Ljouwert
058-234 3070
ynfo@afuk.nl

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen