Afûk

De Afûk wol it Frysk tichtby de minsken bringe. Yn de ôfrune jierren hat dúdlik bliken dien hoe libbenskrêftich dy missy is. De nijste kommunikaasjemiddels meitsje it mooglik om op elk momint fan de dei mei elkenien kontakt te hawwen. Dat jout in protte nije kânsen, mar tagelyk moatte de oanbieders fan it Frysk ek konkurrearje mei withoefolle oare oanbieders dy’t allegearre unyk wêze wolle. De fraach is dus hoe’t wy ús ûnderskiede kinne.

Dat kin mei ús taal. Taal is it meast wêzentlike skaaimerk fan de minsk. Mei de taal kin in minsk syn tinzen en gefoelens ûnder wurden bringe, kin hy mei oaren yn kontakt komme, kin hy him uterje yn ekspressyfoarmen lykas as sjonge, toanielspylje en skriuwe. Troch de taal is de minsk in sosjaal wêzen en in kultuerdrager. Beide aspekten binne fansels ek wichtich as it om de Fryske taal giet: taal as middel foar kommunikaasje en kultueroerdracht.

Taal tichtby de minsken bringe betsjut dan ek dat wy alle aspekten fan de taal brûke moatte. By it learen fan de taal giet it net allinnich mar om de feardichheden ferstean, lêzen, praten en skriuwen, mar ek om it belibjen fan de taal yn muzyk, toaniel, ferhalen en poëzy. En om it perspektyf noch wat breder te lûken: de ferbining fan de taal yn de sosjale kontekst, it lânskip en de skiednis, as wichtige aspekten fan de Fryske identiteit. 

Dat wolle wy sjen litte yn ús produkten en aktiviteiten.

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen