Disclaimer

Disclaimer foar www.datwiedoesa.nl fan de Afûk.
Dizze side is foar it lêst oanpast op 22 oktober 2014.

De Afûk (Keamer fan Keaphannel: kvk 41000904) , jout jo hjirby tagong ta www.datwiedoesa.nl en publisearret dêr teksten, ôfbyldings en oare materialen om jo te ynformearjen.
De Afûk behâldt him dêrby it rjocht foar om op elk momint de ynhâld oan te passen of ûnderdielen te ferwiderjen sûnder dat de Afûk dat oan jo hoecht mei te dielen.

Beheinde oanspraaklikens

De Afûk spant him derfoar yn om de ynhâld fan de website sa faak mooglik te aktualisearjen en/of oan te foljen. Nettsjinsteande dy soarch en oandacht kin it wêze dat de ynhâld net folslein en/of net krekt is. De materialen op de website wurde oanbean sûnder watfoar garânsje of oanspraak op krektens ek. De materialen kinne op elk momint wizige wurde sûnder foarôfgeande meidieling fan de Afûk.
Yn it bysûnder binne alle prizen op de website ûnder foarbehâld fan type- en programmearflaters. Foar de gefolgen fan sokke flaters wurdt gjin oanspraaklikens akseptearre.
Foar hyperlinks nei websites of tsjinsten fan tredden dy't op de website te finen binne kin de Afûk nea ofte nimmer oanspraaklikens akseptearje.

Auteursrjochten

Alle rjochten op yntellektueel eigendom yn ferbân mei sokke materialen lizze by de Afûk en syn lisinsjejouwers. De ynhâld fan de website is beskikber ûnder de Creative-Commonslisinsje Naamsvermelding-GeenAfgeleideWerken-NietCommercieel 3.0 Nederlands, of it moat wêze dat dat by spesifike materialen oars bepaald is.

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen