Boek fan de Moanne yn april: 'Alde Leafde'

1 april 2015

Alde Leafde is fan hjoed ôf Boek fan de Moanne en foar mar € 12,50 te krijen rûnom yn Fryslân, mar ek fia de Dat wie doe sa side te bestellen.

Sjoch foar mear ynformaasje oer 'Boek fan de Moanne' op de byhearrende webside.

 

Oer it boek Alde Leafde 

Hoe oars gong it yn earder tiden doe't in leafdesbrief noch mei in sacht plofke op de doarmatte foel, de ûntfanger it hânskrift en de postsegel beseach, in stil plakje opsocht en de ynhâld op him of har ynwurkje liet. Alde leafde, sis mar, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. Wat dat oangiet is der, ek yn dizze tiid, noch altyd neat feroare.

It is in oare wrâld dy't jin yn Alde Leafde temjitte komt. Allerhande aspekten yn it deistich libben drukten ommers in stimpel op it bestean: de oarloch, it foar lange tiid útstjoerd wêzen as militêr nei Ynje, saken oangeande it tsjerkelibben, wenningneed, sosjale en morele omstannichheden, it belibjen fan de frije tiid, de praktyske en net-praktyske tariedingen op it houlik en alles wat dêrby hearde, it wurdt allegear mei ynmoed beskreaun.

De leafdesbrieven nimme de lêzers mei nei in yntins belibbe tiid tusken twa minsken dêr't de leafde foar master opsloech. Wat belibben sy en wat hold harren dwaande? Wat wiene harren dreamen en ferwachtingen?

 

Alde Leafde

Der wiene dagen dat de leafde
ús dwyl en oerémis makke,
ús hannen sykjend, ús mûlen waarm, 
fjoer wie it, lôgjend fjoer.

Leafste, wit dat wy dat wiene.

Der wiene dagen dat ûnwennigens
ús bange hert ferstienne,
gjin wurden mear, iiskâld, allinne,
fertwifele, alhiel oerstjoer.

Leafste, wit dat wy dat wiene.

Der komme dagen dagen de leafde,
dy’t wy net mear betinke kinne,
genôch wie foar in hiel bestean,
oant nei ús dea, it giet net oer.

Leafste, wit dat wy dit binne.

Baukje Wytsma

Diel dizze side