Spultsjes fan eartiids

Mei suterich waar, as in winterdei te kâld wie om bûten te boartsjen, kamen de spultsjes oan bar, dy’t binnendoar spile waarden. En dat wiene hiel wat. It lêzen fan in boek dat wy alle wiken út ’e skoallebibleteek te lêzen krigen, wie gjin boartsjen mar it wiene wol hiele noflike skoften, dêr’t wy ús fantasije ek yn útlibje koene.

Damjen wie in tinkspultsje dat faak dien waar. In boel bern krigen in doaze Halma mei Sinteklaas. Nei it smiten fan in dobbelstien moasten de pentsjes fan ’e stikjes wer safolle gatsjes as der eagen smiten wiene fierder stutsen wurde. Mar om’t it Halmaspul fan buordpapier makke wie, waard it by it faker brûken gau suterich.

En dan Mens erger je niet, no, dat wie in tapaslike namme. Dan smiet men wer ferkeard, of in oaren-ien smiet jin derút en dan moast men wer fan foaren ôf oan begjinne. It Boerenkwartet-spul wie ek in favoryt.

Op ’e tee- of kofjebontsjes krigen wy in Flip en Flapspul. Dat wie in soarte guozzebrief mei twa hûnen, in buldog en in takshûn. Der wiene doe ek kleurboeken fan te krijen.
It guozzebrievjen is it mei elkoar op ’e tafel sitte te spyljen om wat apenuten.

Domeneekje
Hokker bern soe dat net dien ha. En hoefolle bern soene dat no noch dwaan. Sittend mei steande houtsjes yn in bôge foar jo, hoopjend dat de oare ien lei mei it nûmer dêr’t men op oanslute koe.

Mûnderj
Op in stevich stik wyt papier tekene men trije rjochthoeken ynelkoar. De hoeken dêrfan waarden ferbûn mei in skeane streep. Ek yn ’e midden fan ’e lange en koarte kanten waard in streep lutsen, dat wie alles. It waard spile troch twa persoanen dy’t elk njoggen wite of swarte knopen krigen. Beide besochten om in mûne, dat wie trije knopen op in rige te lizzen. Mar omdat men om bar lizze moast, koe de oare dat tsjingean. De tûkens siet him hjiryn, dat men de knopen sa lei dat men oer ferskillende siden in mûne besocht te krijen. Wie men op ’t lêst safier dat men mei ien houtsje twa mûnen fan ’e oare tsjinhâlde koe, dan wie men al in hiel ein op reis om in potsje te winnen. Wat op it mûnderjen liket is it spultsje boter-kaas-en-eieren.

Boter-kaas-en-eieren
In stik papier waard yn hokjes ferdield, it moast fan boppen nei ûnderen, of fansiden troch trije dielber wêze. Om bar, it koe troch twa of trije bern spiele wurde, moast men in krúske sette. Mar dat krúske moast sa setten wurde, dat de folgjende net trije krúskes oanien sette koe. Want dy hie dan boter-kaas-eieren en dat wie in punt.

Lúsjefersprikjes
Tsien op in rigel en dy twa by twa krúst oer elkoar hinne lizze. Men mocht nea oer mear as twa dwaan.

Ut: Wat ha wy in wille hân, spultsjes fan eartiids fan Albert Kornelis Mulder.

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen