De kanon fan de skiednis fan Fryslân

De Kanon fan de skiednis fan Fryslân is bedoeld foar elkenien dy’t ynteresearre is yn de Fryske skiednis en kultuer. De Fryske Kanon is ûntwikkele nei oanlieding fan de Nederlânske Kanon.Yn de Fryske Kanon binne de finsters fan de Nederlânske Kanon útboud mei Fryske aspekten, is der ferdjipping oanbrocht en binne der spesifike finsters foar de Fryske skiednis te finen. Binnen it Fryske Kanon-projekt wurde learmiddels en aktiviteiten ûntwikkele dy’t rjochte binne op de boppebou fan it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis: tema-lesbrieven, teaterfoarstellingen, smartphone-rûtes, in tv-programma en muzyk.

Op www.11en30.nu sille dy safolle mooglik presintearre wurde. Guon finsters binne tige geskikt foar aktiviteiten mei âlderein (eventueel yn kombinaasje mei skoalbern).

Diel dizze side