Foarlêstips foar âlderen

Alderen mei bygelyks in fisuele beheining kinne net altyd mear sels lêze. Dat wol uteraard net sizze dat se gjin ynteresse hawwe foar moaie ferhalen. Itselde jildt fansels foar demintearjenden. Foarlêzen wurket ûntspannend en soarget foar in oanlieding om mei elkoar yn petear te gean. Just ferhalen dy’t ferwize nei it ferline, roppe oantinkens op. Sa kin foarlêzen helpe om in isolemint te trochbrekken. Foarlêzen kin sawol yndividueel as yn groepsferbân.

Wol is it needsaaklik om in rêstich plakje te sykjen. It is goed om derfoar te soargjen dat der net tefolle ôflieding is. Sykje in ferhaal dat oanslút by de belibbingswrâld fan de âldere(n). Nim it ferhaal fan tefoaren goed troch, lês it eventueel lûdop. Wêr sitte lestige wurden, of krekt spannende mominten. En op hokker momint kinst de harkers aktyf by it ferhaal belûke. Mooglik biedt in ôfbylding in moaie gelegenheid, of in foarfal yn it ferhaal.

Guon minsken wolle leaver net aktyf by it ferhaal belutsen wurde en harkje allinnich mar. Ek dat is goed mooglik. It is dêrom fan belang om foarôf goed nei te tinken oer dyn doelgroep.

As elkenien klear sit, kinst it ferhaal rêstich en dúdlik foarlêze. Nim de tiid foar fragen en opmerkingen nei oanlieding fan it ferhaal, mar soargje derfoar datst sels de regy hâldst.

Ekstra tips:

  • Lit âlderen sels in ferhaal útsykje, of sels foarlêze oan oaren.
  • Benaderje in (basis)skoalle en freegje oft learlingen foarlêze wolle.
  • Jou âlderen it ferhaal nei de tiid mei nei hûs, sadat se it nochris trochlêze kinne, of thús foarlêzen wurde kinne.

Diel dizze side