In petear mei oarstaligen

It brûken fan de eigen taal fan de soarchfreger hat in posityf effekt op de kommunikaasje tusken soarchfregers en fersoargjenden:

  • It helpt de soarchfreger om him/har better te uterjen.
  • It jout in fertrouwensbân.
  • Der is sprake fan ferbûnens.

It komt dus moai út as de fersoargjende de (streek)taal yn ’e macht hat. Der binne lykwols in protte streektalen, dialekten en oare talen yn ús lân. It is net sa frjemd dat in fersoargjende de memmetaal fan de soarchfreger net behearsket. Gelokkich binne der hantrekkens wêrmei’t de kommunikaasje dochs plezierich en effektyf ferrinne kin en de hjirboppe neamde foardielen útkomme.
It helpt je as je je ferdjipje yn je kliïnten. Yn wa’t se binne, wêr’t se wei komme en ek wat harren memmetaal is. Fansels is der ek in non-ferbale kommunikaasje. Dat is in moaie oanfolling op de sprutsen taal.

Ferstiesto en spreksto de taal net?

Wurkesto as fersoargjende yn in streek dêr’t oare (streek)talen praten wurde? En spreksto dy taal net? Besykje dy dan in bytsje op ’e hichte te stellen fan dy taal. Lear bygelyks in begroeting (‘goeiemoarn’) of in ôfskiedsfraze (‘oant moarn’) yn dy taal. 
Praat altyd posityf oer it feit dat dyn kliïnt in oare taal sprekt as do.

Ferstiest de taal wol, mar sprekst de taal net?

Ferstiesto de taal wol, mar sprekst de taal net? Moedigje dyn kliïnt oan om safolle mooglik yn syn/har memmetaal tsjin dy te praten. It effekt is grut: dyn kliïnt fynt it moai, en do begrypst dochs wol wat hy/sy bedoelt, tanksij dyn passive taalkennis.
Fertel datst de taal sels net behearskest en datst bêst mear fan de taal fan de soarchfreger witte wolst. Dat betsjut net datst in talekursus dwaan moatst. Kinst dyn kliïnten wol oanmoedigje om dy te helpen mei de taal. Meastal fine se it leuk om dy paadwiis te meitsjen yn har eigen memmetaal.

  • Freegje aktyf nei wurden yn de memmetaal fan dyn kliïnt. Bygelyks de wurden dy’tst yn it soarchkontakt in soad brûkst.
  • Set it omgean mei taal ris op de aginda fan in teamoerlis. Stel mei oaren in listke op mei wurden dy’t in soad foarkomme, yn de (streek)taal.
  • Lit dy fleurich ferbetterje troch dyn kliïnt. Haw der tegearre gerêst wille om datst in wurd ferkeard útsprekst.

Dyn kliïnt sil dy mear wurdearje as hy/sy wit dat der yn de memmetaal praten wurde kin.

Diel dizze side