Lêze mei in lêsbeheining

Bin de lytse letterkes net mear te lêzen? Wurdt it lêzen mear yn- as ûnspanning? Koartsein, slagget it ‘gewoane’ lêzen net of net mear troch in fisuele of oare lêsbeheining (byg. dysleksy)? Dan is Aangepast Lezen in útkomst. By Aangepast Lezen kin elk ûnder oaren te plak foar:

-          Sputsen boeken en brailleboeken (ek in grut oanbod fan Fryske boeken);
-          Kranten en tiidskriften yn oanpaste lêsfoarm;
-          Maatwurk;
-          Reliëfwurk.

De boeken, kranten en tiidskriften yn de winske lêsfoarm binne ienfâldich te bestellen en wurde mei de post besoarge. Ynskriuwen (fergees!) is needsaaklik om boeken, kranten en tiidskriften yn in oanpaste lêsfoarm bestelle te kinnen.

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen