Kursus: Frysk op de wurkflier
Frysk op de wurkflier: praat de taal fan jo klant
De Afûk organisearret ek kursussen op maat foar meiwurkers fan ynstellings en bedriuwen. Ommers: klanten stelle it op priis dat se yn harren eigen taal te wurd stien wurde. It skept in bân en bringt jo tsjinst tichterby de klant.
It kursusprogramma wurdt yn oerlis mei de groep of persoan (ek yndividuele begelieding is mooglik) fêststeld. Nei ôfrin fan de kursus kin in sertifikaat útrikt wurde.
Foar mear ynformaasje of in frijbliuwende offerte nimme jo kontakt op mei Jettina Valk fan de kursusorganisaasje. Belje kin fansels ek nei telefoannûmer 058-2343079.