Dat wie doe sa,rige
€ 15,95
De Beltsjeblomrige "Dat wie doe sa" is ûntwikkele foar aktiviteitebeglieders en frijwilligers yn fersoargingstehuzen, mar like goed geskikt foar gebrûk bûten de âldereintehuzen. De rige wurdt skreaun troch Akky van der Veer en Baukje Wytsma. It binne boeken dy't âlderein prikelje ta reaksje. Ferhaaltsjes, gedichten, foto's en fraachpetearen beljochtsje it ûnderwerp fan alle kanten en jouwe oanlieding ta reaksje en ferhalen.
Diel 1 en 3 fan de rige binne spitigernôch útferkocht. Dit oanbod bestiet út:
diel 2: beroppen
diel 4: iten en drinken
diel 5: sport
diel 6: sjonge en spylje