Workshop Dat wie doe sa foar frijwilligers

11 december 2017

‘Mei ik fan jimme fan de bakker de sûkerbôle?’ Op in woansdeitejûn yn oktober kamen sa’n tritich frijwilligers en begelieders deibesteging fan Meriant byinoar foar in workshop Dat wie doe sa. Mei ûnder oare it siswizespultsje, it kwartet en de boeken út de Beltsjeblomrige waard in oersjoch jûn fan hoe’t frijwilligers yn de soarchynstelling wurkje kinne mei Dat wie doe sa.

Dat wie doe sa biedt materiaal út it ferline dat geskikt is foar reminisinsje: ferhalen, muzyk, fideo’s, spultsjes ensafuorthinne. It oanbod bestiet út werkenber materiaal, ôfkomstich út de regio en yn de taal fan de regio.

It Dat wie doe sa materiaal is foar de measte aktiviteitebegelieders by soarchynstellingen wol bekend, mar no’t frijwilligers faker ynset wurde foar de aktiviteiten yn de húskeamers leit it op in soad plakken foaral yn de kast, omdat men it net ken. ‘Dat fine wy skande’, seit Douwkje Douma, projektkoördinator fan Dat wie doe sa. ‘It materiaal is prachtich en goed brûkber, ek foar frijwilligers en mantelsoargers. It kin ynset wurde foar in ien-op-ien petear mei in bewenner, mar ek foar húskeameraktiviteiten is it tige geskikt. Wy wolle mei dizze workshop foaral berikke dat de materialen wer út de kast helle wurde.’

Heech tiid dus foar koördinator Debora Meester fan Meriant om dit materiaal wer ris op te sykjen en ûnder de oandacht te bringen: ‘Er is al Dat wie doe sa materiaal aanwezig in de woonkamers, voorheen hebben we het veel gebruikt en zowel bewoners als medewerkers vinden het erg prettig om mee te werken. De herkenbare foto’s, beelden en verhalen roepen herinneringen op bij bewoners. Mensen vertellen over wat ze zelf hebben meegemaakt en dat doet ze goed. De workshop biedt duidelijke informatie over het belang van taal in de zorg en biedt op een speelse en praktische manier een helder overzicht van het materiaal en hoe het gebruikt kan worden.’

De Dat wie doe sa workshop kin fergees ynset wurde by soarchorganisaasjes en duorret sa’n 1,5 oere. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei datwiedoesa@gmail.com.

Dat wie doe sa is in projekt fan de Afûk en wurdt útfierd mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Diel dizze side