Teater foar de soarchsintra yn Fryslân

4 november 2015

As de minsken net nei it teater komme, moat it teater mar nei de minsken ta. Dat sei regisseur Pieter Stellingwerf, dy't mei Kees Botman in teaterstik oer Jopie Huisman bewurke hat foar de Fryske soarchsintra. Earder dit jier waard de foarstelling spile yn Warkum.

Fan woansdei 4 novimber ôf giet de bewurke edysje op toernee by ferskate Fryske wensoarchynstellings del, omdat minsken út it publyk sein hienen hoe skande se it fûnen dat har heit en mem it net sjen koenen. Dy koene net mear nei it teater ta komme. It ferhaal oer Jopie is mear as allinnich in teaterfoarstelling. Der sit ek in keunsteksposysje oan fêst yn gearwurking mei it Jopie Huismanmuseum. En foarôfgeand oan de foarstelling krije minsken it miel dat Jopie Huisman it leafste iet.

Mear ynformaasje oer de foarstelling 'Het verhaal aan Jopie' en besjoch de toernee list: http://buog.nl/project/het-verhaal-aan-jopieMear ynformaasje oer de organisaasje BUOG 

Oer it stik 'Het verhaal van Jopie'

Jopie was voddenboer en schilder tegelijk. Een bijzondere combinatie. Maar misschien was het meest bijzondere aan Jopie wel dat hij zijn ‘gewoon zijn’ tot cultstatus wist te verheffen. Bij elk interview en elke publieksbijeenkomst zorgde hij er voor dat hij het theatrale middelpunt was (gehuld in zijn ribfluwelen jas en een sjekkie in de hand). Als hij vertelde over zijn geloof, zijn leven, zijn handel, hing een groot publiek aan zijn lippen.

Mear ynformaasje foar soarchsintra oer it meidwaan: nim frijbliuwend kontakt op mei Ruth ter Voort fia ruthtervoort@buog.nl of 06 22 95 93 35.

Tourlijst 'Het verhaal aan Jopie'
week 41Teatskehus in Blauwhus (try out)
week 42 Marienacker in Workum (try out)
week 45 Leppehiem in Akkrum
week 47 Berkestede en Lindestede in Wolvega
week 48 Suderigge in Lemmer en Frittemahof in Sneek
week 1 Skilhiem in Stiens
Week 2 Nij Statelan in Menaam en Talma Hiem in Balk
week 3 De Flinke in Koudum
week 4 De Warrenhove in Drachten en Nieuw Toutenburg in Noardburgum
week 9 Doniahiem in Sint Nicolaasga
Week 11 Greunshiem in Leeuwarden

Diel dizze side