Soarchferliener fan 'e moanne

24 februari 2016

Hinke de Boer wurket as teamcoach welzijn/wolwêzen by soarchsintrum Brugchelencamp yn De Westereen, ûnderdiel fan soarchgroep De Friese Wouden.

Hoe bisto yn dit wurk bedarre?

Ik bin yn ’e soarch begûn as fersoarger. Letter kaam de groepsfersoarging en de deibehandeling op myn paad en op dit stuit coach ik neist in oantal teams ek in groep frijwilligers. Fral op it mêd fan Wolwêzen.

Wat jout dy ynspirjaasje foar dyn wurk?

As coach hast minder kontakt mei de groepen sels, mar as der sykte is yn myn tiim dan fal ik graach yn om sa de belutsenheid mei de bewenners en de ferskate doelgroepen te hâlden.  

Eltse freedtemiddei hawwe wy in reminisinsje aktiviteit en ferline wike wie it tema berte. Meastentiids nimt eltsenien dan wat mei sa as bygelyks in doopjurkje. Sa wie der in bewenner dy’t in alderleafst jurkje meinaam hie. Op in bepaald momint begûn in oare frou o sa te gûlen en dat ferwachtest eins net sa gau. Mar eartiids hiene se in berntsje begroeven yn sa’n selde jurkje en dat se dit no seach prikkele har tinzen. Fansels bliuwt soks by de bewenners, en by de groep. Mar dat wy dêr iepen oer prate kinne en bewenners harren ferhaal fertelle wolle fyn ik tige weardefol. Benammen it kontakt mei de bewenners by dizze aktiviteiten jout ynspiraasje.

Myn heit hat alzheimer en troch muzyk ha ik in protte kontakt mei him.

Ynspiraasje helje ik ek út myn erfarings mei myn heit. Myn heit hat alzheimer en wennet yn in ferpleechhûs. Wat my dan dwaande hâldt is hoe’t ik goed kommunisearje kin mei myn heit. Myn heit syn holle is hielendal leech. Hy werkent nimmen en neat mear. Troch muzyk ha ik in protte kontakt mei him, wit ik him te prikkeljen ta reaksje. Al dy ûnderfinings nim ik mei nei myn wurksitewaasje en ynspirearje dêr de kollega’s.

Wêr kinst Datwiedoesa fan en op hokker wize makkest gebrûk fan DWDS?

Yn 2008 hat der in sympoasium fan Datwiedoesa by Brugchelenkamp plakfûn. Dêr wiene wy hiel wiis mei en fan doe ôf brûke wy de materialen. De boeken wurde tsjinwurdich as hânrikking brûkt en benammen troch stazjêres lêzen. Sy kinne harren op dizze wize moai ynlêze. Dêrneist wurdt it materiaal brûkt as rjochtline by aktiviteiten. Sa no en dan in ferhaal fan de webside of fia facebook.

Soesto de kollega’s fan jim soarchsintrum of de oare AB-ers yn Fryslân graach wat meijaan wolle?

Wês yn it kontakt mei minsken in iepen persoan, dy’t nei de minsken lústerje wol. Ik bin in minskemins en dat krijst fan oaren dan ek wer werom. Om goed foar in oar soargje te kinnen moast sels yn balâns wêze. Genietsje fan it libben en nim de tiid en rêst dy’t dyn lichem fan dy freget. Beweech en hâld dyn liif fit. Dan pas kinst goed foar in oar soargje!

Hasto in berjocht foar it tiim fan Dat wie doe sa?

Sykje tema’s by de belibbing fan de minsk. Mooglik is by guon ûnderwerpen wat mear de djipte yn in goed idee. En bring wer ris in kear in besite oan ús soarchsintrum, jimme binne altyd wolkom!

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen