Nije heit&mem wolkom yn sikehûs Nij Smellinghe

2 juni 2015

Nije heit&mem wolkom yn sikehûs Nij Smellinghe

Sikehûs Drachen ynformearret takomstige en jonge âlden oer foardielen meartalich grutbringen

 Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten set op tongersdei 11 juny de doarren iepen foar heit&mem. Op dy dei lansearret de Afûk yn it Drachtster sikehûs de folslein fernijde webside heitenmem.nl. Tagelyk mei de lansearring fan de nije webside presentearret de Afûk yn gearwurking mei sikehûs Nij Smellinghe it heit&mem-echofotolistke. Mei dy gearwurking jout it sikehûs yn Drachten oan dat sy takomstige en jonge âlden tenei ynformearje sille oer de foardielen fan meartalich grutbringen. Ommers, bern dy’t op jonge leeftyd mear as ien taal leare, hawwe dêr in soad foardiel fan. Dat docht bliken út ferskate ûndersiken oer de hiele wrâld.

 Ek yn de breedte is der omtinken foar taal yn de soarch fan it sikehûs. Hoe noflik is it ommers foar minsken om immen te treffen dy’t syn/har eigen (streek)taal praat: minsken fiele har mear op harren gemak, begripe elkoar better en fiele har mear thús. Sa is it ek foar pasjinten yn it sikehûs. Meiwurkers fan Afûk/Praat mar Frysk diele dêrom buttons en oare materialen út oan meiwurkers fan it sikehûs wêrmei’t sy sjen litte dat de pasjint (ek) Frysk tsjin harren prate kin.

 It heit&mem-echofotolistke wurdt nei de presintaasje yn it sikehûs fan Drachten ek oan oare sikehuzen, ferloskundigen en echo-buro’s beskikber steld om kado te dwaan by de earste echo. De folslein nije webside fan Heit&Mem is fan no ôf ûnder de fertroude namme heitenmem.nl foar elkenien te finen.

 heit&mem, Praat mar Frysk en it projekt Taal yn ’e soarch binne inisjativen fan de Afûk en wurde stipe troch de provinsje Fryslân.

Diel dizze side