It is mei sizzen net te dwaan: nij Datwiedoesa-materiaal

12 oktober 2015

Taal is bepalend foar it wolwêzen fan de soarchfreger en bepaalt mei de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger. Dat wie doe sa wol in bydrage leverje oan de bewustwurding fan de ympekt fan taal yn soarchsituaasjes en stimulearret it brûken fan de memmetaal yn de soarch yn Fryslân yn it bysûnder. 

Dat wie doe sa is in projekt fan de Afûk en bestiet omtrint tsien jier. In soad meiwurkers yn benammen de âldereinsoarch binne ûnderwilens bekend mei Dat wie doe sa troch de ferskate tema-boeken mei oanbelangjende materialen en sympoasia mei praktyske workshops. Dêrnjonken is der de website datwiedoesa.nl mei in skat oan artikels, ferhalen, ferskes, tips, byld- en lûdsfragminten. Oer alle boegen materialen dy’t yn de deistige praktyk ynsetten wurde kinne om byg. yn petear te gean mei kliïnten of in aktiviteit mei foarm te jaan. Faaks wurkje jim der sels ek (al) mei.

Om it Frysk (noch) mear sichtber te meitsjen en in bredere groep minsken yn ’e kunde komme te litten mei Dat wie doe sa, is nij materiaal makke: in poster, in setsje fan 5 kaarten en in twatalige folder. Om sjen te litten dat de Frysktalige soarchfreger him of har yn jim ynstelling of organisaasje net hoecht te ferbrekken. Ommers,  ‘ieder vogeltje zingt zoals het gebekt is’ of yn it Frysk ‘elk fûgeltsje tsjottert nei‘t syn bek is’. Dêr’t ien syn eigen taal prate kin, fielt it fuortendaliks in bytsje mear thús.

 Leuke aksje: de kaarten, folder en posters binne fergees by te bestellen fia datwiedoesa.nl/produkten/fergees.

 

De poster, de folder yn it Frysk, de folder yn it Nederlânsk en in setsje fan 5 kaarten. 

 

 

Diel dizze side