Museum De Grutterswinkel wreidet út mei kolleksje keningshûs

24 juli 2015

De hear Tom Bakker (91) sammelt al mear as fyftich jier alles fan it keningshûs. Trije jier lyn is de hiele kolleksje skonken oan Museum Heerenveen (earder Willem van Haren Museum). Der wie safolle dûbel en de hear Bakker sammele ek gewoan troch dat no is dizze kollleksje oant 20 septimber te besjen yn De Grutterswinkel yn Ljouwert. 

De sûvenierkolleksje bestiet bygelyks út kopkes, in koekjestrommel en leppeltsjes. Fan de 600 sparre boarden binne der 49 te sjen yn Ljouwert. Der leit ek in boekje mei foto's fan de kroaning fan kening Willem-Alexander en in boekje mei famyljefoto's. 

Ut it Friesch Dagblad: 

 

It museum De Grutterswinkel 

It museum De Grutterswinkel yn Ljouwert bestiet út ferskillende romten dy't hast allegear frij tagonklik binne. Yn de eardere wenkeamers wurdt in farsk kopke kofje of tee skonken mei oranjekoeke en in écht Frysk dúmke. Under it kofjelokaal is in fjouwer ieuwen âlde wynkelder mei troggewelf bewarre bleaun. Op de earste ferdjipping is it achterhûs, dêr't út bliken docht hoe lyts in gesin earder libbe, mei it bedstee en it húske. 

Museum de Grutterswinkel beskikt oer in gesellich sealtsje dêr't groepen fan minimaal 12 en maksimaal 40 persoanen in feest hâlde kinne. Op fersyk kin in Frysk bôlemiel fersoarge wurde (min. 12 persoanen). Foar groepen binne der ek arranzjeminten en/of rûnliedings (€ 2,50 p.p.).  

Foar mear ynformaasje: Museum De Grutterswinkel 

Diel dizze side