It bûsboekje foar 2016

20 juli 2015

41e Fryske Bûsboekje leit yn ’e winkels                                                                                                             

Lân fan kij, molke, tsiis en boerebûter

It nije Fryske Bûsboekje is út! Dit jier is it tema: suvel. Frysker as dit wurdt it net. Al yn ‘e Midsieuwen gie Fryske bûter fia Harns nei Londen. It symboal fan Fryslân is de ko, dy’t symboalisearre wurdt troch Us Mem. Dat byld waard yn 1954 troch de feehanlers fan ‘e Ljouwerter feemerk skonken oan it Fries Rundvee Stamboek.

It Fryske Bûsboekje 2016 is de ienenfjirtichste útjefte fan wat yn 1975 begûn. Sûnt doe hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen (en net-Friezen) yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging. Yn it Bûsboekje 2016 steane artikelen fan Wiebe Dijkstra, âld-haadredakteur fan it Fries Landbouwblad en Nieuwe Oogst.

Fan it Bûsboekje 2015 binne der 3803 stiks ferkocht. Dat wie 4,7% mear as yn 2014. Yntusken is it Bûsboekje 2016 troch frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. Ek op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje te keap, en fia it webstek kin ek besteld wurde (sjoch ûnder).

Bestel it bûsboekje.  

Bring Us Mem werom!

Yn it nije Bûsboekje wurdt oandacht frege foar 'Us Mem'. It byld fan de ko stie earst op it Suderplein (sjoch side 16 fan it Bûsboekje) mar hja is yn 1990 ferhuze nei de ein fan ‘e Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Wat soe it moai wêze, as de besikers oan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 aansens massaal op ‘e foto geane mei dat ‘ikoan’ fan Fryslân. Mar dan moat hja al yn it sintrum fan ‘e Fryske haadstêd stean! By it treinstasjon fan Ljouwert is fêst noch wol in lyts kampke greide te finen. Grif as it stasjonsgebiet aansens oanpakt wurdt. Dêrom hat de redaksje B&W en de Gemeenteried fan Ljouwert in nij Bûsboekje oanbean en harren frege: ‘bring Us Mem werom!’

 

Us Mem werom nei it hert fan Ljouwert? 

 

Diel dizze side