'In Mearke' (een sprookje), troch Thea en Sander Metz en Marysa Dijkstra!

23 juni 2015

Fuort nei de oarloch kochten Jan Calsbeek en syn frou in wenboat. Bysûnder fansels, want elk hie ferlet fan in wenning. Se trouden, wienen lokkich en libben yn har eigen mearke. Se wienen ek fan doel tegearre lokkich te bliuwen, mar doe kaam de demintsy. Jan Calsbeek skreaun dêr in lyts gedichtsje oer.

Sander Metz hearde it ferhaal op syn wurk by soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum. Hy lies it gedicht en waard bot rekke. Tegearre mei Jan Calsbeek (ûnderwilens 88 jier) waard de tekst bewurke, oersetten nei it Amelâns en op muzyk setten. Mei Thea Metz hat Sander it nûmer ynsongen.

Wêrt it orzjineel yn it Frysk skreaun wie, de taal dy't sa tichtby Jan Calsbeek en syn frou stiet, sa sjonge Sander en Thea yn it Amelâns oer har mearke. Krekt it eigene fan taal makket in grut ferskil yn relaasjes én by demintsy.

In prachtich muzikaal projekt wêrby't de opbringst fan de single oan de Stichting Alzheimer Nederland jûn wurdt.  

Besjoch hjir de opname fan 'In Mearke'. 

Tekst en de oersetting/vertaling fan 'In Mearke'.

In Mearke

In mearke, in mearke,
Sa licht as in fearke,
Begjint soms wat wrokkich,
Mar eint altyd lokkich.
Sa stiet der te lêzen,
Sa sil it dochs wêze,
In mearke, in mearke,
Sa licht as in fearke.

Wy stapten yn’t mearke,
Soenen farre as in fearke.
Soenen djoeije en dije,
Dat mochten we lije,
Woenen stige nei hichten,
Wraks’len troch lichten,
Yn’t mearke, yn’t mearke,
Sa licht as in fearke.

Wy slaggen, wy slaggen,
Mei wimpels en flaggen,
Wy wienen no lokkich,
Hielendal net wrokkich,
Hjirnei koe ik stribje,
Oan’t de ein mei dy libje,
Fan’t mearke, fan’t mearke,
Sa licht as in fearke.

No litst’o it sitte,
Ferjitte, ferjitte,
Gjin kriich, gjin ferline,
Wat kin ús noch bine,
Memoarje , histoarje,
Wat kin it feroarje.
In mearke, in mearke,
Fljocht fuort as in fearke,
In mearke, in mearke,
Sa licht as in fearke.

Jan Calsbeek

 

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen