In drôvich en bliid treffen by de lokale radiostjoerder

2 november 2015

Ferline jier troude de 95-jierrige Bill mei syn frou, nei't se mekoar no sa'n tritich jier kenne en hy al wer in skoft foar syn frou soarget. Spitigernôch moast sy nei in fal en ferbliuw yn it sikehûs ferhúzje nei in soarchsintrum. En Bill mist har ferskriklik. Hy giet alle dagen by har op besite en fertelt dat eltse dei sûnder har in 'hel' is.    

Koartlyn skille Bill de lokale radiostjoerder om syn ferhaal te fertellen. Hertferskuorrend. De BBC Radio presintator Alex Dyke nûge Bill út foar in kopke kofje. En Bill skytskoarre net, hy sei fuortendaliks 'O, I'd love to'.   

Yn Fryslân binne der fansels in protte âlderen, senioaren dy't it o sa wurdearje as der in bytsje tiid mei harren trochbrocht wurdt. Mei bygelyks in kopke kofje of in gesprek. It kin in grut ferskil meitsje foar it wolwêzen. En sa't de measten wol witte hat ek de jongere baat by it moetsjen fan in âldere. 

Klik hjir foar de webside mei it folsleine artikel oer de reis dy't Bill nei de studio makke. 

Boarne: www.upworthy.com

Diel dizze side