Frysktalige depresjetest GDS 8 no beskikber

19 januari 2016

Juster wie it wer Blue Monday: de meast deprimearjende dei fan it jier. Goede foarnimmens binne op neat útrûn, fakânsjes binne noch fier fuort en de dagen binne griis en tsjuster. Wittenskiplik ûnderboud is it bestean fan Blue Monday net, mar foar ZuidOostZorg en de Afûk  is it wol it momint om no de earste Frysktalige depresjetest nei bûten te bringen.

De ynternasjonaal brûkte Geriatric Depression Scale 8 (GDS 8) jout in earste yndikaasje oft der sprake is fan depresje of net. De test is spesifyk ûntwikkele foar de âlderein en bestiet út acht fragen dy’t troch de minsken sels ynfolle wurde kinne. De (hús)dokter kin oan de hân fan de útkomsten in earste yndikaasje foar depresje fêststelle en in ferfolchtrajekt bepale.

De oersetting fan de GDS is fersoarge troch Hijlke Groen, wurksum by ZuidOostZorg en GGZ Fryslân, yn de mande mei de Afûk. Groen naam earder al it inisjatyf foar de oersetting fan de MMSE, de ynternasjonaal brûkte yndikaasjetest foar deminsje.

Mei it oanbieden fan in Frysktalige fariant fan de besteande testen/helpmiddels kin temjitte kommen wurde oan it ferlet fan kliïnten om yn de eigen taal mei de dokter te praten. Ommers, kliïnten kinne harren nammers it bêste útdrukke yn de taal dy’t it tichtste by harren stiet. Frysktalige helpmiddels soargje derfoar dat ek de fragen yn it Frysk steld wurde en dat it petear net slûpendeweis oergiet nei it Nederlânsk. Benammen by in kwetsbere doelgroep is it brûken fan de eigen taal tige wichtich. De test is kin fan no ôf download wurde.

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen