Sander Metz spilet:
Ferskes fan my foar dy

14 februari 2015

Snein 15 Maart, middeis 16.00 oere yn de Martinitsjerke te Itens, sil it heve. Jo kinne dan lústerje en genietsje fan de muzikale foarstelling “Ferskes fan my foar dy”.

Sander Metz is in oanspielde Amelânner, dy’t oplibbet as it oer see, eilân, stoarm en weagen giet. En no hat hy ek noch it gelok, dat Thea krekt op it goede stuit by it fjoertoersdún delrûgele en mei him yn’t span woe. Tsjinwurdig wenje se yn Itens. Sy sille foar jimme sjonge en dêr tusken troch kin der harke wurde nei bysundere ferhalen fan Jan Calsbeek.

De yntreekosten binne € 7,50, wêr kofje of tee by ynbegrepen is. Der kin reservearre wurde op info@sandermetz.nl of telefoan 0618167503.

Oant Snein 15 Maart!

Diel dizze side