Ferlet fan medyske apps en websiden yn it Frysk?

1 juni 2015

Hieltyd mear minsken brûke apps of online helpprogramma's, bygelyks om ôf te fallen, op te hâlden fan smoken of sliepproblemen oan te pakken. Ek is der hieltyd mear oanbod om op in webside of fia in app oan jo geastlike sûnens te wurkjen. Websiden mei ynformaasje oer psychyske klachten of in kursus om fan jo depressive klachten ôf te kommen of in app dy't jo helpt as jo wol wat minder drinke koenen.

Ien-op-ien-kontakt, sa as petearen mei de húsdokter of in psycholooch, kin, as jo dat wolle, faak yn it Frysk plakfine. Online is dit meast net of amper it gefal.

Ut ûndersyk blykt dat pasjinten har nofliker fiele as se harren eigen taal prate kinne. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat is wichtich foar minsken, hielendal dêr't it om gefoelige saken giet.

It Trimbos-instituut wol dêrom graach witte oft der ferlet is fan online (sels)helpoanbod, sa as websiden, apps en oare digitale tapassingen foar psychososjale problematyk yn it Frysk.

Prate jo (wolris) Frysk, dan soenen wy graach wolle dat jo dizze fragelist ynfolje.

Link nei de fragelist: fragelist 

Mear ynformaasje: oer it Trimbos-instituut 

Diel dizze side