Dei fan de Mantelsoarch

3 november 2015

Tiisdei 10 novimber is de Dei fan de Mantelsoarch. Op dizze dei krije mantelsoargers erkenning foar de lange soarch dy't sy oan minsken jouwe dy't dat hurd nedich hawwe. Wolwêzenorganisaasjes, soarchsintra, tsjerken, ferienings, wurkjouwers en gemeenten yn hiel Nederlân organisearje wat aardichs of ynspirearjends. Spesjaal foar de mantelsoarger, dy't safolle foar in oar betsjut. Eltsenien dy't mantelsoargers is mei grutsk op him/har sels wêze. 

Der is in spesjale webside: www.dagvandemantelzorg2015.nl En foar wa't in mantelsoarger yn it sintsje sette wol is der in leuke ferrassing dy't tastjoerd wurde kin. Dat kin fia de webside fan Mezzo, de lanlike feriening dy't opkomt foar eltsenien dy't foar in oar soarget: www.mezzo.nl.  

Wy fan 'Dat wie doe sa' hawwe ek in aardichheidsje: stjoer immen dy't mantelsoarger is in setsje fan 5 kaarten mei prachtige siswizen. Sjoch hjir foar it ferstjoeren fan de kaarten.

 

Diel dizze side