Bysûndere tentoanstelling fan troufoto’s

3 februari 2015

Hoe aardich kin it wêze as hast fiiftich froulju harren eigen troufoto meinimme foar de jierlikse jûn fan  de frouljuferiening HVG fan Nijlân en Folsgeare. En dat mei al dizze bysûndere foto’s in lytse tentoanstelling ûntstiet?

Nei’t der yn de doarpskrante ‘It Nijslân’ in oprop stie om de houliksfoto mei te nimmen, waard der al ridlik gau yn it doarp oer praat: ‘Wat soe no dochs de bedoeling wêze kinne?’ Persoanlik as dizze foto’s binne, sawat alle oanwêzigen hiene in foto meinommen. En it waard in prachtige útstalling. Op dizze jûn wie der in soad om oer te praten. De jurk, wyt of swart. Wa hie de jurk makke? De fotograaf en de lokaasje fan de dei sels. Hoe wie it feest. Fan wa is dy foto? Wa stiet dêrop?

De ynfolling fan de jûn waard stâl jûn nei oanlieding fan it boek Alde Leafde.

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1940 en 1975 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje.  Om de briefskriuwers hinne is in trijelûk makke, mei de houliksfoto, de brieven en in koart libbensferhaal.

Diel dizze side