Bysûnder omtinken UMCG by reklamepriis

1 mei 2015

'De Fryske taal libbet it meast yn de mûnlinge kommunikaasje. Dêrom docht it foar it fuortbestean fan ús taal it meast fertuten as de gebrûksmooglikheden op dat mêd ferromme wurde. It is bysûnder as dat bûten de provinsje it gefal is. Sjoen de lizzing fan it sikehûs hie sa'n aksje allinnich foar de Nedersaksyske streektalen faaks mear foar de hân leit. Mar it docht bliken dat se each ha foar al harren klanten. De aksje soe him fansels net beheine moatte ta ien wike mar trochset wurde.  Sjoch ek nei dizze link.' Mei dizze motivaasje waard it UMCG ynstjoerd om kâns te meitsjen op de Fryske reklamepriis. Hoewol't de sjuery wiis wie mei it inisjatyf, wie it net genôch foar in nominaasje.

It sjuery-oardiel: 'De utering is net bysûnder, lit stean kreatyf en ‘tusken de eagen’. Mar it idee dat men yn in sikehûs jins eigen (streek)taal prate mei en dat kenber makket mei in button is tinkt ús kommunikatyf sterk. It makket fan it UMCG in sympatyk en empatysk sikehûs. Pasjinten en besikers kinne yn it UMCG mear harsels wêze.' De sjuery hat dan ek bysûnder omtinken foar it UMCG, dy't net oan alle kriteariums foldocht, mar lykwols wurdearring ferstjinnet!

Sjoch op de site fan de Fryske reklamepriis foar de nominearre reklames, bring jo stim út en meitsje kâns op in tablet.

 

 

Diel dizze side