Praktyske ynformaasje Belibje it wer

Oantinkens oan eartiids kinne troch alle sintugen oppikt wurde. Soms giet it ûnbewust, mar kinst it ek bewust oproppe. In geur, mar ek in foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út lang ferfleine tiid. By oantinkens hearre faak moaie ferhalen, dy't graach ferteld wurde troch âlderein en heard wurde troch de jongere generaasje. Dêrom wurde troch Dat wie doe sa mei Belibje it wer fiif temakoffers mei bypassend materiaal ûntwikkele. Foar de aktiviteitebegelieders en frijwilligers is sa'n temakoffer in hiel brûkber middel om mei âlderen yn petear te reitsjen. Yn de temakoffer sit in praktyske ynstruksjekaart en de materialen sprekke foar harsels. Kinst ommers alle foarwerpen út de temakiste sjen litte, mar sy kinne alles ek fêstpakke en fiele. Sa komme net alline de ferhalen wer ta libben, mar ek de ferhalefertellers steane yn it ljocht.

De kisten mei de tema's: Hânwurk en moade, Skoalletiid, Alvestêdetocht, Muzyk en toaniel en Iten en drinken binne fan maaie ôf te keap en te lien by de Afûk. Nim foar it bestellen of mear ynformaasje kontakt op fia datwiedoesa@gmail.com.

Belibje it wer is ûnderdiel van it projekt Dat wie doe sa, dat materiaal yn de Fryske taal oanbiedt, rjochte op reminisinsje: it opheljen fan oantinkens. Belibje it wer is in mienskiplik projekt fan Leppehiem, Friese Poort, Hof & Hiem en de Afûk.

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen