Alvestêdetocht: Tocht 1956

It is al mear as fjirtich jier ferlyn
dat wy te wachtsjen stiene foar de tocht,
reserveredens op ’e rêch, ’t giet oan
it is noch tsjuster yn de iere moarn

dan nei it iis en de redens ûnder
wêr is myn freon, bin ik him no al kwyt,
de djippe skuorren komsto hiel gau tsjin
en fan de reis is dit mar it begjin.

Myn maat foarop en ik dêr efteroan,
dêr sjit ien út de oare smelle baan
de radio sei: it wurdt in meunstertocht
it liket wol of wurdt it hjoed net ljocht.

Klune yn Snits, Drylts en de mar nei Sleat
en dan nei Starum, ik bin dea-dea wurch
noch mar tsien oere; giet der aanst in trein?
trochsette, oars komsto net op ’e ein

Hylpen en Warkum en Boalsert en Harns
dêr even sitte, wy fergean fan toarst.
Frjentsjer, de Blikfeart wetter op it iis,
no noch nei Dokkum, wy lykje net wiis.

Net prate, net tinke, domwei skowe
op ’e tosken bite, riden bliuwe
dêr stiet de Aldehou skean yn ’e bocht
achttjin oere tweintich, ein fan de tocht!

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side