Nei skoalle yn in omkearde winterjas

Wy wiene thús mei syn sânen as bern: seis famkes en ien jonge. Ik wie de âldste en ús mem hie faak lêst fan de holle, dat dan kaam alle soarch op my del. En dan moast ik wer op in âld fyts nei Kollum om medisinen… Mar al wie ik noch sa lyts en behindich - doe’t ik tsien jier wie weage ik fyftich pûn - ik wie hiel sterk en gelokkich noait siik.

Wy wennen yn Nijlân by Ingwierrum. Dat wie in ein bûten it doarp en wy moasten in goed healoere troch it lân rinne om op skoalle te kommen. By ’t winter diene we der noch folle langer oer, want as it snijd hie en de sleatten fol snie wiske wiene, moasten we oer de dyk. Dat wie in hiel ein om. Soms wie it sok min waar dat wy dweiltrochwiet op skoalle kamen. Echte reinjassen hiene wy doe net.

Ik hie in ‘omkearde’ winterjas. Dy hie ús mem sels makke út in âld jas fan ús heit. Se hie der sa’n protte wurk fan hân, dat doe’t in slip fan dy jas yn myn fytstsjil rekke en it allegear gatsjes wie, doarst ik dat thús net heal te fertellen.

Wy rûnen altyd as húshâlding meielkoar nei en fan skoalle en hiene de stap der meast goed yn. Mar ik wie de âldste, dat ik moast wol hieltyd achterom sjen nei ien fan myn suskes. Dy wie gewoan te lui om te rinnen, se hie ek hast noait stikkene sokken. Ien kear – dat wie yn de winter, it wie stjerrende kâld - koene wy meiride op in boerewein. Myn suske koe der sa gau net op komme en bleau achter. Ik fielde my as âldste ferantwurdlik en ik bin doe samar fan de ridende wein ôfsprongen. Ik kaam te fallen en hie in gat yn de knibbel mei allegear lytse stientsjes deryn. Dy moast dokter der letter ien foar ien útplúzje.

Wy rûnen op klompen fansels. Dêr hie ús heit stikken fytsbân ûnder slein, sadat se net sa gau ferslite koene. In stikkene klomp wie in ramp, want der wie gjin jild foar nije. Us heit wie boerearbeider, dat hat er fiifentweintich jier west. De boer dêr’t er by wurke - fan trije oere moarns oant seis oere jûns - wie hiel ryk. Se hiene dêr safolle moai guod op ’e pleats, mar se hiene neat foar de arbeiders oer.

Ik fûn it hiel moai op skoalle en ik koe goed leare, mar ik mocht net trochleare. Ik moast by de boer. Doe’t ik noch op de legere skoalle siet, wurke ik al by de boer.

Ik moast de boerin helpe. By ’t maitiid – nei it himmeljen – krige ik altyd trije droege woarstjes fan har. Dy joech ik dan steefêst oan ús heit. En dy wie dêr dan sa bliid mei.

Ik wie tolve jier doe’t de oarloch begûn. It wie dan faak kâld yn ’e hûs, want de brânje wie op bonnen. Ik kin my de surrogaattee en de soere smaak fan de oarlochsbôle noch goed yn ’t sin bringe. Dêr ha ’k it noch wolris oer mei myn freondinnen. Ik ha fjouwer kammeraatskes en dy haw ik allegear oerholden fan de tiid op ’e legere skoalle yn Ingwierrum.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side