Oaljekoekskream: Myn frou is berne yn it moal

Ik ha hast myn hiele libben yn Ljouwert wenne, mar ik bin berne yn Wurdum. Us heit wie dêr boere-arbeider. Ik wie de twadde fan fjouwer bern, ik hie noch twa broers en ien suster.

In goeie learling wie ik net op skoalle, lêzen en skriuwen wie in probleem. Mar ik koe wol rekkenje. Omdat ik net goed lêze en skriuwe koe, learde ik alles út de holle. Doe’t ik tolve jier wie, wennen wy al yn de binnenstêd fan Ljouwert, fuortby de Harmonie. Myn earste baantsje wie skuonpoetser by de BATA. Ik wie trettjin jier en de oarloch wie krekt ôfrûn. Ik fertsjinne doe tsien gûne wyks en wie dan 48 oeren oan it wurk. Der wurken doe ek noch trije skuonmakkers yn it bedriuw. Letter kaam ik te wurkjen by Taconis, de tabaksfabryk. Ik siet achter de rinnende bân om pûdsjes fol tabak te dwaan. Dat ha ik twa jier dien. Doe waard ik ekspedysjemeiwurker by it tsiispakhûs fan Grondsma yn de Skoalstrjitte.

Yn dy tiid ha ik myn frou kennen leard. Wy gongen allebeide te dûnsjen by Dancing Hettema op it Schavernek. Myn frou Gretha, dêr´t ik no al wer fyftich jier mei troud bin, wie doe noch gjin sechtjin jier. Wy hiene beide deselde achternamme, Koopal. Dat skept in bân fansels. Har heit Nico hie in oaljekoekskream en sa kaam ik al gau yn de wrâld fan de merkeminsken telâne. Ik fûn dat wol moai, sa’n reizgjend libben. Sy wennen doe yn in wenwein yn de Gouden Regenstrjitte. Dat wie foar my wol efkes wennen. It merkefolk is fansels in hiele eigen mienskip, foarhinne noch folle mear as no.

Gretha har heit hie twa dochters, dat hy seach it wol sitten dat se ferkearing hie mei in Koopal, dan koe it bedriuw letter ûnder deselde namme trochgean. En sa is it ek bard. Wy binne troud en Gretha en ik ha fierder ús hiele libben tegearre yn de oaljekoeken sitten. Har heit liet der noch in kream bybouwe en dêr hawwe wy tsien jier lang mei Gretha har suster en de man mei ûnderweis west. Doe binne wy foar ússels begûn. Wy wiene de fjirde generaasje Koopal dy’t yn de oaljekoeken siet.

Wy hawwe hiel wat ôfreizge, meast yn it noarden fan it lân. Hiest sa dyn fêste adressen. Trije kear yn it jier stiene wy bygelyks yn Frjentsjer by de merke en by keatspartijen, op Bolletongersdei yn Boalsert, op de Kokedei yn Warkum, yn Súdlaren op de hynstemerk, yn Dwingeloo op de jiermerk en gean sa mar troch. En yn de Fryske doarpen as it merke wie, fansels.

As in oar feest hie, moasten wy wurkje. Wy hiene ús trije famkes mei en dy moasten op de plakken dêr´t wy stiene nei skoalle ta. Se hiene harren eigen learboeken mei. Foar bern is dat net altyd like maklik. Yn Dokkum krigen se hiel goed ûnderwiis, dy master kaam ek altyd efkes by ús oan de kream. Der wiene ek plakken dêr’t de bern wolris pleage waarden. Se binne der sterk fan wurden.

Wy stiene der net altyd mei deselde merkeminsken, dat wiksele. Gretha har omke Walon hie in sweefmûne, har pake en beppe hiene in boffertsjeskream, de Kooistra’s, ek famylje, hiene snoep en oaljekoeken en in sweefmûne. Hiest by dy feesten altyd in soad te krijen mei dronken minsken, mar wy rêden dêr wol mei. Wy bleaune baas.

Earder waarden de merkeminsken ynhelle troch de bern as se mei it skip oankamen. Dat wie in grut feest yn sa´n doarp. It is no allegear folle saakliker, de romantyk is der al lang ôf. Der is in protte konkurrinsje en de priis foar in steanplak wurdt hieltyd heger. Earder kaam der jûns mear troud publyk op de merke, dy kochten altyd wol in pûde oaljekoeken. Dat hearde derby. Der wie ek altyd in fiskkream, dat sjochst no hast ek net mear. De patat is fansels ek tige populêr.

Fierder is der mear fandalisme, dat wurdt ek slimmeroan. Mar de oaljekoeken binne noch altyd yn trek. Wy binne begûn mei tweintich oaljekoeken foar in gûne, no krije de minsken alve stiks foar seis euro. By tige waarm waar ferkeapje wy minder.

Us oaljekoeken binne luchtich en in bytsje fettich. As se te droech binne, smeitsje se nei bôle. Wy hawwe altyd sels it besleek makke. Op dikte meitsje en riere, dat is in gefoelskwestje. Wy keapje it moal by sekjes fan 25 kilo.

Wy hawwe tegearre tritich jier yn de kream stien en yn 1993 binne wy opholden. Us middelste dochter hat it bedriuw oernommen. Wy binne wol yn in gat fallen. Wy hawwe net folle hobbys, want wy wiene altyd ûnderweis en oan it wurk. Wy ride no yn trije jier 100.000 kilometer, want wy meie noch graach ûnderweis wêze. Al ús trije dochters wurkje yn de brânzje. Us âldste dochter hat in grut pretpark yn Heerlen. Dêr ride wy gauris hinne.

As wy ús libben oerdwaan koene, diene wy it wer krekt sa. Wy wiene eigen baas. Wy hiene de frijheid, de hiele wrâld wie uzes. Gretha en ik fine de oaljekoeken noch altyd lekker en dat seit wol wat. Of net?

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side