Bingoferhaal: In feest fan snie

‘Ik rop noch 1 kear’, sei mem ûnderoan de trep, ‘dan moatte jim der ôf komme hear. It is al hast 7 oere. Heit is om 5 oere al nei it wurk gongen want der is min troch te kommen. Der leit in hiele bulte snie en it hat mear as 12 graden ferzen.’ Wy wiene fansels alle 4 fuortendaliks goed wekker. Snie! Einlings snie! Wy lutsen gau de klean oan en de earste dy’t ûnder wie, wie Klaas, myn âldste broer. ‘Earst waskje en hierkjimme’, sei mem, ‘sa kinne jim aanst net nei skoalle ta.’ Klaas grommele wat en stuts gau syn holle ûnder de kraan. Sa, dat wie ek wer klear. Hy luts de kaam troch it hier dat yn in grappich kuifke op syn holle stie. ‘Wol netsjes kjimme hear’, sei mem. Klaas knikte: ‘Ik ha it no al 3 kear kjimd’, rôp er. ‘Sa kin it wol.’ Wy laken. Wat koe ús dat hier skele, der lei snie!

Wy slokten sa gau mooglik 2 stikken bôle troch, want iten hiene wy op dat stuit net oan tiid. Afke kôge fansels moai stadich troch, dy mocht wol 6 stikken, snie of gjin snie. ‘Leave 17’, sei mem, ‘do wurdtst sa fierste grou, do moatst net safolle ite! Noch efkes en do bist 66 kilo’. Afke die of hearde se neat en kôge moai troch.

Wy rûgelen efter mekoar nei bûten ta. Der stiene wol 10 pear klompen yn it gonkje en elk soarge dat er sines fûn. Op klompen troch de snie dat wie moai! Dan krigest fan dy grouwe sniekluten ûnder de klompen, dan wie it krekt of rûnst op stelten fan wol 13 meter heech.

In einstje fierderop yn de strjitte kamen hieltyd mear bern ta de huzen út. Se raasden as se bûten kamen en lieten har langút yn de snie falle. Sytske fan nûmer 24 en har buorjonkje Ale fan 26 wiene fansels ek fan de partij. Dat wie echt in duo. Ast de iene seachst, wie de oare meastal net fier ôf. ‘As wy letter 20 jier binne, dan trouwe wy’, sa hie Sytske al ris op skoalle ferteld. ‘Miskien ek wol as wy 21 of 22 binne’, sei Ale. ‘Dan kinne wy earst noch 14 of 15 jier sparje foar in hûs of sa.’ ‘Dat is goed, as wy mar trouwe’, lake Sytske, ‘om myn part duorret it noch 16 jier.’

Op nûmer 28 stie âlde Turkstra foar it rút. Hy wie al 75 jier en hie al hiel wat winters oan him foarby gean sjoen. Hy hie eartiids in bekende koartebaanrider west en hie hiel wat prizen yn de wacht sleept op spekriderijen en sa. Yn de jierren 50 kaam er ris mei 18 prizen thús. Der wie sels in jier by mei mar leafst 23 prizen, dat wie syn topjier. Dat wie yn dy lange strange winter, it frear doe wol 8 wike eftermekoar sa’n 25 oant 27 graden. Turkstra seach hoe’t de bern har fermakken yn de snie. Wie er ek noch mar 65 jier jonger! Op syn 11 en 30-st slofte er nei syn stoel en sette de kachel gau op 29 graden. Hy woe net kjeldlije op syn âlde dei.

Op it skoalleplein wiene alle 74 bern fan ús skoalle út ’e skroeven. Snie! Nimmen woe yn skoalle, noch yn gjin 40 jier! Ek net doe’t master noch in kear om 9 oere de skoalbelle rinkelje liet. Der fleagen wol 60-70 snieballen troch de loft.

It gong der om wei! De famkes tsjin de jonges. Auke koe it fierste smite. It skeelde net folle of syn sniebal wie troch de ruten flein ek al stie er der noch wol 19 meter fan ôf. Hy hie fjoerreade wangen en fielde him de held fan it plein. Dit koe er goed, sniebalje. Mei rekkenjen hie er wolris 44 of 45 fouten hân. Ien kear 57. De hiele skoalle wie slop fan laitsjen west doe’t dat bekend waard. Dy pestbern koe er no moai allegear in sniebal nei de kop smite! Alle 71-72-73! Hy, Auke, wie Kening Winter.

Anneke, it moaiste famke fan de klasse, krige de folle laach. Alle jonges woene har ynsjipje. Se sprongen boppe op har en treaunen har de iiskâlde snie ta de kraach yn. ‘Help’, rôp Anneke doe’t dikke Melle boppe op har sitten gong. ‘Earst genade sizze’, raasde Melle. ‘Ik tel oant 39.’ ‘Dat noait’, tocht Anneke. Wat tinket dy stomme Melle wol?

31-32-33-34-35… Melle pakte in hân fol snie en hold dy boppe Anneke har gesicht. Anneke besocht har los te lûken. 36-37… Melle treau de snie tsjin Anneke har wangen oan en begûn fûl te wriuwen. By 38 joech Anneke him sa’n klap op de noas dat it bloed der útspatte. In strieltsje read kleure de snie. Melle liet har fan skrik los. ‘It wie mar in grapke hear’, sei er. Hy skamme him wol. In famke dat him in bloednoas sloech. Hy fage syn noas gau of mei de bûsdoek en hope dat de oare jonges it net sjoen hiene.

Master stie no by de doar en der wie gjin ûntkommen mear oan. Elkenien moast yn skoalle komme. Hy telde: ‘51-52-53-54-55-56-58-59… 64…’ Stadich rûgele de skoallegong fol. By de kapstokken mei de nûmerkes boppe it heakje waard it in hiele drokte. Safolle jassen, mûtsen, wanten en sjaals. Safolle klompen. ‘Do hingest dyn jas oan de ferkearde kapstok’, raasde Geartsje tsjin Marten. ‘Do hast nûmer 43.’ Marten seach ferheard op. ‘Ik ha nûmer 46’, sei er. ‘Do hast nûmer 49.’ Geartsje treau him oan de kant. ‘Ik ha nûmer 41’, snaude se. ‘Gean hjir wei!’ Ek by de kapstokken mei de nûmers 42-47 en 48 hiene de bern rûzje. En dat kaam allegear fan dy snie!

Al gau siet elkenien yn de bank. De rekkenskriften kamen út it fak. Mei fan dy kâlde wiete hannen woe it earst net bêst skriuwe. Master syn stim rôle oer de hollen hinne. ‘Schrijf maar op: 61 plus 69 is… 63 plus 68 is… 62 plus 67 is… In skoftke letter hearden wy Melle lûd gapjen. ‘Bist slûch Melle?’, flústere Anneke. Melle stuts syn tonge út. Hy woe dat er nei hûs koe. Syn noas die sear.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen