Folksferhaal fan 'e Harkema:
Harkemaster giel

Sa’n stien ... dêr moatte wy sa’n trijetûzen fan ha,” en ik liet oan de fertsjinwurdiger fan de materialehannel in giele stien sjen. “Der sitte fan dy gatten yn en sa’n houtnerf oan ‘e bûtenkant.” It wie doe noch sa, dat wykliks immen lânskaam om de bestelling op te nimmen. “Ik sjoch it al,” sei Marten Bosma: “Dat is Harkemaster giel.” Marten kaam fan ‘e Westereen, dat ik fertroude it net alhiel. “Harkemaster giel...?” sa frege ik der op troch. Dêr ha ik noch nea fan heard.” “Ik sil it dy fertelle...” en Marten gong der efkes goed foar sitten.

“Hjir op ‘e Harkema koenen se omraak mei elkoar in hûs bouwe. Foarhinne wienen dat de spitketen, mar letter waarden dat allegear stiennen hûzen. As de iene syn hûs klear hie, dan holp er wer in oar te mitseljen of te timmerjen. No wie der ris ien, dêr hienen wy dizze giele stien levere. Doe’t it hûs klear wie, hie er rûchwei fiifhûndert stien oer. Stiennen binne djoer, dat wie doe ek al sa. Mar … ien fan de famylje, it sil wol in neef of in sweager west ha, dy’t him holpen hie woe deselde stien wol oan syn hûs. Dat se wienen it samar iens oer de priis. Wat moast er oars mei sa’n protsje, no?

Ik krige de bestelling op fan noch sa’n tsientûzen stien derby. No moatsto witte dat dizze stiennen út in stienfabryk yn Limburch komme. Dêr hienen se noch nea fan ‘e Harkema heard. Mar no wie der al wér in bestelling fan dit soarte giele stien. En in pear wike letter wie der wér ien dy’t mei in hûs begûn te bouwen, en dêrnei wer ien. En se bestelden allegearre deselde stien. Dat doe seinen se op it lêst dêr yn Limburch by dy fabryk : “Al wér in fracht Harkemaster giel.” En sa is it kommen, wis en wrachtich, sa wier as ik hjir sit.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side