As ik it keatsen net hie, wie ik in deade amtner wurden

De ferneamde keatser Frans Helfrich waard berne yn Winaam, mar om’t er op syn sânde jier nei Harns ferhuze en dêr syn jonge jierren trochbrocht, fielt er him noch altyd in Harnzer, in ouwe seun. Syn heit wie Pieter Helfrich, ek in keatser fan formaat. Hy wûn twa kear de PC. It wie dan ek gjin wûnder dat de lytse Frans it keatsen mei de brijleppel ynjûn krige. Mem Regina Hofstra wie net sportyf aktyf, mar stimulearre har soan wol. Broer Pieter, fjouwer jier jonger, hold him letter mear dwaande mei toaniel.

Frans Helfrich: ‘Op myn tsiende jier wûn ik al in ledewedstriid foar jongeren yn Harns by keatsklup De Eendracht, op myn alfde en tolfde wûn ik dy wedstriid wer. Ik haw it keatsen fan ús heit leard, ik moast altyd mei om te oefenjen, wy keatsten dan op it fjild by de Singel. Ik moast efteryn it perk stean. Ik hie der daliks al in soad nocht oan, it sit fansels ek yn de genen, want der binne mear Helfrichs dy’t goed keatst hawwe. Ik bin al gau mei de grutte mannen begûn te keatsen, ús heit naam my gewoan mei en as jonkje stie ik by him yn it perk, hy joech my dan oanwizings. Op it skoalleplein keatsten wy as jonges ûnder elkoar ek alle dagen. Ik siet op School B op de Midlumerweg. Harns wie fansels in stêd fan keatsers, elkenien keatste, dat hearde derby. Myn earste echte wedstriid wie yn Peins, yn 1933. Sjoernalist Cornelis Roersma skreau doe yn de Franeker Courant: “Er waren negentien deelnemers. Er werd door de jongens zeer goed gespeeld, waarbij vooral de 13-jarige Frans Helfrich, zoon van de bekende kaatser Pieter Helfrich, mooi perkspel gaf te zien. Hij belooft, zo voortgaande, een aanwinst voor de kaatssport te worden.” No, dêr wie ik doe wakker grutsk op, fansels. Dat kranteknipsel haw ik altyd bewarre. It keatsen hat eins noait út myn libben wei west. Op myn fyftjinde kaam ik yn it Bûnspartoer foar jonges yn Harns. Doe haw ik ek foar de earste kear keatst op de Freulepartij yn Wommels. Wy wûnen neat, mar rekken der op fiif earsten gelyk – seis gelyk ôf tsjin de winners. Ik wie achterynse en sloech foar bêst op. Us heit en mem wiene ek mei. It wie o sa spannend. Us heit hearde ik net, mar hy joech wol oanwizings út ’e fierte, ús mem rôp folle lûder. Yn 1936 hawwe wy de Freule al wûn, Folkert Bouma, Gerrit Braaksma en ik. It hie ôfgryslik reind en op ’e boppe stie ik oant de ankels yn it wetter. Wy sieten ûnder de drek, mar dat koe ús neat skele, wy hiene it wûn en krigen de eare en it gouden horloazje. By it jongeskeatsen haw ik yn totaal trije gouden horloazjes wûn.

Doe’t ik njoggentjin jier wie, keatste ik mei ús heit en George Jellema mei op de PC yn Frjentsjer. Dat is ek in hiel aventoer, hear. Fan 1940 oant 1950 haw ik yn it Harnzer partoer keatst foar de senioaren. Doe’t ik troud bin, ferhuzen wy nei Ljouwert. Dêr bin ik yn 1950 lid wurden fan keatsklup LKC. Ik wie letter yn myn wurksume libben direkteur fan de Technologyske Skoalle, no in ûnderdiel fan it AOC. Ast neigiest dat ik yn totaal 288 prizen wûn haw, dan witst wol hoefolle tiid fan myn libben ik op de keatsfjilden trochbrocht haw. Myn medaljekast hinget yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer. Dy kast is makke fan sloophout út de tsjerke fan Winaam. Dat fyn ik moai, om’t it myn bertedoarp is. Njonken al dy medaljes en bekers haw ik mei it keatsen ek fytsen, horloazjes en jildprizen wûn. In bysûndere priis is myn klavertjevier, dy haw ik krigen foar fjouwer belangrike oerwinningen: yn 1936 de Freulepartij, yn 1938 de Jong Nederlandpartij, yn 1947 de Bondspartij en yn 1942 de PC. Ik haw oant 1954 aktyf keatst.

Omdat ik as jonge sa aktyf wie yn de sport, bleau it der wolris by mei it learen op de HBS-B yn Harns. Ik bin der ek wolris om sitten bleaun, hear, mar ik haw wol myn diploma helle.

Ik siet ek yn it Harnzer fuotbalteam en wy hiene yn dy tiid in kabaretploech. Boppedat mocht ik graach reedride en haw ek in pear kear de alvestêdetocht riden. It keatsen wie myn favorite sport. Myn belangrykste maten wiene Jan Rodenhuis en Hotse Schuil. Mei de lêste haw ik jierren keatst. It wie in noflike maat, dy’t graach in praatsje makke mei it publyk as er op it fjild stie. Ik wie dan faak wat fûler, mar ik wie ek in publyksspiler, hear. Ik woe ek wat sjen litte, fansels. By it keatsen kinst hiel wat fan dysels yn it spul kwyt, it hat ferskillende fasetten lykas it perkspul, de opslach, taktyk. Untwikkelest dyn eigen spesjalisme. Ik wie it bêste efteryn it perk, opslaan hie ’k net folle nocht oan. Ik gean der noch geregeld hinne, want ik bin by ferskillende ferienings earelid of lid fan ‘verdienste’. Myn soan giet altyd mei my nei de PC. Sels haw ik fjouwer kear de PC wûn. Moai, net?’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen