Kuorbaljen: Denk om Mattie, zij schiet van verre

Mattie Zwart-Pool is berne yn Terwispel. Har heit wurke dêr op it suvelfabryk en mem die de húshâlding. Mattie hie noch trije jongere broers, sy wie de âldste. Heit wie wol aardich sportyf, hy hold fan keatsen. Hy die ek wol mei oan wedstriden en besocht mei grut plezier de PC yn Frjentsjer. De broers holden it by fuotbal. Doe’t Mattie fan de legere skoalle kaam, wie se trettjin jier. Dat wie yn 1936: itselde jier dat yn Terwispel de kuorbalklup LDO (Leer Door Oefening) oprjochte waard.

Mattie: ‘Sa’n kuorbalklup yn ús doarp, dat wie yn dy tiid hast in wûnder. Fansels wiene wy as bern tige entûsjast en ik bin dan ek fuort lid wurden. Wy wisten fan neat en koene it spultsje noch net. Der moast fansels in lieder komme. It wurd ‘trainer’ brûkten wy doe noch net. Sipke Hemkes fan de kuorbalklup WK fan Jobbegea hat ús it kuorbaljen bybrocht: balheine, sjitte op ’e koer, oanfalle, ferdigenje, de spulrigels, alles. Wy hiene gewoan swarte lange rokken oan dy’t wy deis ek oan hiene en in pear gympys. En wite bloeskes fansels. Dêr sieten soms hiele rare fetplakken op fan de bal dy’t wy stiif tsjin ús oan holden. Dan koe ús mem dy plakken der hast net útkrije yn de wask. Der wie noch gjin sportfjild en wy oefenen op in stik lân fan boer Van der Sluis. De kuorbalpeallen leine dêr opburgen yn de skuorre. As wy oefenen, moasten wy earst de stront opsykje, oars trapen wy der middenyn. Wy fûnen dat hiel gewoan, it hearde derby.

Der wie doe noch net sprake fan in junioarekompetysje lykas yn dizze tiid. Wy wiene as trettjinjierrigen fan it doarp allegear tagelyk begûn mei kuorbaljen en letter hawwe wy jierren mei deselde ploech spile. Dat wie echt in hiel hecht team. Wy wiene altyd byelkoar. De jonges fan it team neamden wy dan ek ús jonges. Doe’t LDO letter oansletten waard by de Friese Korfbalbond, diene wy ek mei oan de kompetysje. Wy hawwe hiel wat ôffytst nei al dy omlizzende plakken dêr’t searjedagen holden waarden. Der hawwe wol simmers west dat wy alle sneinen fuort wiene te kuorbaljen. Op dy searjedagen spilen wy dan sa’n fjouwer/fiif wedstriden fan twa kear in kertier. Tusken de wedstriden troch leine wy meielkoar noflik oan de sydline nei oare teams te sjen. Ek dan bleauwen wy altyd byelkoar. It wie in prachtige tiid. Ik koe goed kuorbalje, benammen goed sjitte op ’e koer. Se rôpen dan wolris: “Denk om Mattie, zij schiet van verre!”

Op in stuit waard ik as iennige fan LDO selektearre foar it Frysk tolvetal en letter ek noch foar it noardlik tolvetal, dat wie hiel wat, fansels. Ik wie doe achttjin jier. Yn ’e oarlochstiid hawwe wy wol yn Grins spile. Dan gongen wy earst op ’e fyts nei Drachten en dan mei de tram nei Grins. Der spilen dan wolris oare jonges mei yn ús team, omdat de oare fêste spilers ûnderdûkt wiene. Ik wurke yn de oarloch as tsjinstfamke by de direkteur fan it bûterfabryk. Dat wie in goed plak, want ik krige moarns betiid altyd in boardfol brij. Dan hoegde ik thús net te brea-iten. It wiene minne tiden doe en wy hiene thús hast gjin jild om hannen. Ik krige yn dy tiid ferkearing en wy hiene al trouplannen. Myn freon Jan siet yn ’e oarloch yn it ferset en wie oansketten troch de Dútsers. Nei de oarloch is er siik wurden. Hy hie yn dy oarlochstiid net goed op himsels past, hy hie him ferlije litten. Doe is er yn 1948 dochs noch ferstoarn. Letter bin ik mei syn âldste broer Willem troud en wy hawwe tegearre twa jonges krigen. Willem stoar, doe’t er seisensechstich jier wie. Ik wenje no sûnt 1994 mei Pier de Boer, hjir op itselde plak op ’e Himrik dêr’t ik de lêste pear jier mei myn man wenne. Sûnt myn trouwen haw ik altyd op ’e Himrik wenne. Hjir hawwe wy de kuorbalklup WWMD (Wêz Wis Mei Doelen), dêr bin ik nei myn houlik lid fan wurden. Jim sille it net leauwe, mar ik haw oant myn fjouwerensechstichste jier kuorballe. De lêste jierren die ik allinnich noch mei oan de trainingen en net mear oan de wedstriden. Pier en myn bernsbern binne noch tige aktyf binnen de klup en wy geane ek noch wol nei wedstriden ta te sjen. Ik fyn it spitich dat se it middenfak ôfskaft hawwe. Se sitte elkoar no ek fierste ticht op ’e hûd. Wy lieten elkoar gewoan frij spylje. No steane se echt tsjin elkoar oan te rossen en te triuwen mei dy bal. Dat hellet de gong út it spul. Der wurdt ek folle mear skeld en raasd oan de line. Dêr bin ik ek gjin leafhawwer fan. Sels sitte Pier en ik noch op gymnastyk en folksdûnsjen en ik bin eins noch altyd like fluch. Der sit ek net folle fet oan my fansels, want dat moatte jo ek allegear mar meitôgje. Ik mei graach yn beweging wêze. It kuorbaljen rint as in reade tried troch myn libben, it hat my in soad freugde brocht. Ik ha eartiids noait in trainingspak hân. Dat koene wy net betelje. Wat is ’t wat, net?’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side