Op de foto

Dizze dei is oars, dizze dei is spannend:

wy komme mei de hiele skoalle op de foto!

Justerjûn hat mem ús sneinske klean strutsen,

se hingje kreas oer de stoel. De skuon steane yn

de gong op de matte, se glimme as de sinne.

Myn broerke fynt der neat oan, hy wol net nei skoalle.

Yn syn sneinske klean kin hy net boartsje, seit er.

Mem seit dat er stil sitte moat, want se kjimt syn hier.

Ik mei myn nije jurk oan mei linten en strikjes,

dy moaie wite, de prinsessejurk.

Mem frisselt myn hier. Myn broerke skopt lilk

tsjin de taffelspoat. De kopkes rattelje op de tafel.

 

Baukje Wytsma

Ut: Dat wie doe sa, diel 1 Skoalle (útferkocht)

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side