Wa is wa? (spultsje)

Yn it lêste diel fan de rige Dat wie doe sa, stiet sjongen en spyljen sintraal. Hoe gong dat bygelyks yn de tiid fan it revu-selskip Tetman en Jarich út Bitgummole? De feesttinten rûnom yn de provinsje, mar ek dêr bûten, sieten grôtfol. De lietsjes út de revu ‘De tiid hâldt gjin skoft’, dy’t oan ’e ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn premiêre gie, soene noch jierrenlang yn it kollektyf ûnthâld sitten bliuwe. Tetman en Jarich skreaune noch 23 oare revu’s dy’t it publyk in soad wille en fertier besoargen.  

It Wa is wa? spultsje komt út it seisde diel fan de rige Dat wie doe sa, Sjonge & SpyljeWitte jo noch wa't elkenien fan de toanielspilers, foardragers en sjongers is dy't eartiids op 'e planken stiene? 

It spultsje is geskikt om te brûken by de dei-aktiviteiten yn soarchsintra. Sjoch by de download foar it spultsje yn pdf printferzy.

Antwurden: Wa is wa?

1.= Tetman en Jarich. 2. = Roel Nijboer. 3. = Tine Winters. 4. = Ritske Numan. 5. = Pyt van der Zee. 6. = Barend en Martsje (van der Veen). 7. = Jeltsje Das en Annie Terpstra. 8. = Annie van der Kuur-Faber. 9. = Akke Radsma. 10. = Wibren Altena. 11. = Mine de Vries 12. = Riek Landman.

 

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen