Akkordeon: Mei stive fingers kinst net mear spylje

Gerrit Noordenbos, berne yn Ginnum, is der wis fan: dat er noch libbet hat er te tankjen oan de akkordeonmuzyk. It barde yn 1943. Gerrit wie in jonge fan alve/tolve jier en de famylje wie ferhuze nei Wyns, dêr’t heit Durk mei mem Marijke in lytse pleats hierde. Mei harren hiele húshâlding, beppe wenne by de famylje yn, wiene se op in jûn nei it doarpsfeest. Dêr spile Marten Brouwer, dy’t letter in ferneamd man wurde soe yn de Fryske muzykwrâld, op de akkordeon. Lytse Gerrit stie der mei sân pear earen nei te harkjen. Dat wie muzyk! Sa op de akkordeon spylje, dat woe hy ek! Syn broer sei dat er nei hûs moast om beppe thús te bringen, oars soe it te let foar har wurde. Gerrit wegere, hy fûn de akkordeonmuzyk fierste moai. Ynienen kaam der in Ingelsk fleantúch oer it doarp, ôfladen mei bommen. It wie ûnderweis nei Dútslân. It tastel waard lykwols al gau efterfolge troch in saneamde Dútske jager. Om gong te meitsjen en sa oan it gefaar te ûntkommen, liet it Ingelsk fleantúch út need in grut tal bommen falle boppe Wyns. Doe’t de famylje Noordenbos thúskaam, lei harren hûs aardich yn pún. Twa brânbommen yn de grêft om de pleats, de ruten derút, it houtwurk oan spuonnen en de krúsbeibeamkes út de foartún leine ynienen efter de pleats. ‘Hie ik beppe nei hûs brocht, dan hie ik hjir no net mear sitten’, sa fertelt Noordenbos, dy’t no al wer sûnt 1963 yn Reduzum wennet.

De muzyk hie yn de famylje Noordenbos nea oan de oarder west, noch heit, noch mem, noch de trije jonges en de twa famkes wiene aktyf op dit gebiet. Mar doe’t Gerrit tolve jier wie, kocht er mei syn broer Rein in harmoanika fan in âlde molkfarder yn Wyns. Fiif gûne moasten se betelje. Nei in wike koe Gerrit der al op spylje. Syn broer hie der net folle nocht oan, sa die al gau bliken. It wie yn de oarloch en de famylje Noordenbos hie evakuees út Limboarch. Jûns, by it ljocht fan in oaljelampke, spile Gerrit op de harmoanika. Der waard wakker songen. Hy wit it noch klear, it earste deuntsje dat er spylje koe wie De Wâldsang.

Thús op de lytse pleats hiene se it net rom. Gelokkich krige heit der in molkrit by yn Bartlehiem. Yn dy tiid learde Gerrit, dy’t as bern slim astma hie, it melken al, mar boer woe er net wurde. Hy gong nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert, earst foar smidbankwurker, mar fjoer en reek wie net goed foar syn astma. It waard de oplieding ta timmerman, dan koe er bûten wurkje, folle better foar syn sûnens. Yn syn libben hat er hiel wat bazen fersliten, want Gerrit wie in eigensinnich man. Hy liet him net alles sizze foar dy iene ryskdaalder wyks dy’t er yn it begjin fertsjinne. Oant syn tritichste jier studearre er fierder yn syn fakgebiet en helle alle papieren dy’t dêr foar nedich wiene. By it beheljen fan syn oannimmersdiploma wie er op trije punten nei de heechste fan Nederlân. Yn Reduzum hie er jierrenlang in eigen boubedriuw.

Nei de oarloch kaam Marten Brouwer, letter jierrenlang de grutte man fan it ferneamde Brouwers Accordeon Orkest, nei Wyns. ‘Hy hie heard dat ik spylje koe’, fertelt Noordenbos. ‘Ik moast op les, sa woe er ha. Ik koe gjin fatsoenlik lûd mear út myn âlde harmoanika krije, dat heit en mem namen it beslút om in nije akkordeon foar my te keapjen yn Stiens. Tachtich gûne, in kapitaal yn dy tiid. Sa kaam ik yn 1946 op les by Wiep Zijlstra, oansteld as learaar troch Marten Brouwer. Wy oefenen yn in ferboud hinnehok yn Gytsjerk. Hiel teoretysk allegear: noaten leare, toanljedders oefenje, muzyktermen deryn stampe. Samar in stikje spylje wie ferbean. Alles moast fan papier. Ik fûn der doe neat oan, mar no wit ik hoe belangryk as it wie om dy basistechnyk goed te learen. Ik spile op in Sancta Lucia, in tolvebasser. Dêrnei bin ik in skoft opholden mei dy lessen yn ferbân mei skoalle en jildkrapte.

Doe’t ik achttjin jier wie gong ik wer op les by de Ljouwerter Muzykskoalle. Ik spile doe op in Royal Standard dy’t ik letter wer ynlevere foar in Galanti, in hûnderttweintichbasser. Ik krige de technyk goed yn de macht en Marten Brouwer frege my foar de Brouwer Accordeon Club yn Gytsjerk, dêr spilen sa’n tweintich minsken rûnom út de provinsje. Geweldich, ik hie dêr de tiid fan myn libben. Ik haw sân jier by dat orkest spile. Altyd mei mekoar ûnderweis om op te treden, oan Antwerpen ta. Soms wiene der ek radio-optredens foar de VARA. En altyd oefenje, oefenje fansels. As jo it net ûnderhâlde wurdt it neat. Ik haw dat jierrenlang dien. No kin ik hast net mear spylje om’t ik reuma haw yn myn hân.

Ik haw in soad freonen yn de akkordeonwrâld. Wy hawwe hjir by my thús ek faak spile mei in hiele ploech. Pier Sambrink wie der ek wol by, it wie fantastysk wat dy man koe. Yn 2000 haw ik sels noch in orkest oprjochte: Het Noordenbos Ensemble. Wy spilen meast yn âldereinhuzen. Doe’t ik net mear spylje koe, bin ik der yn 2003 mei opholden. It orkest hat noch oant 2008 bestien. Ik haw noch altyd in akkordeon, mar mei stive fingers kinst net mear spylje.’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side