Bingoferhaal: It reiske

Tiisdeitemoarn 13  july wienen se der allegear klear foar, 48 manlju en froulju stiene op de stoepe fan de bewaarskoalle ûnder de 4 mânske kastanjebeammen te wachtsjen, de sneinske klean oan. In moaie simmerdei wie it, net te waarm, net te kâld, sa’n 22 graden. Krekt geskikt foar it jierlikse âldereinreiske, dat no al wer 20 kear earder plakfûn hie. Tradysje dus. Elk woe mei, want sokke dagen moasten jo der by wêze. Frou Gercama en frou Hilarides wienen wat oan de lette kant, mar doe wienen se der dan ek alle 50. De reade LAB-bus glied stadich it doarp yn, de sjofeur hie de pet no al wat skean op de holle, hy hie der blykber ek sin oan. As begelieding wienen der 6 frijwilligers en 1 EHBO’er optrommele.
De hiele buert stie klear om ôfskied te nimmen fan de âlderein. Pake en beppe op stap, soks barde net alle dagen. Wêr soe de reis hinne? It duorre in moai skoft foardat it hiele spul in plakje fûn hie yn de bus, want net elkenien woe fansels neist mekoar sitte. ‘Wy sitte gesellich mei 3 man efteryn’, rôp âlde Van der Wal mei syn skel lûd. ‘Der kinne der noch wol in pear by’, sei Ate Gryt dy’t njonken him siet. ‘Hjir kinne maklik 5 man sitte!’ ‘Do wolst der seker wol in pear moaie slanke froulju tuskenyn hawwe’, lake syn buorman. Frou de Vries seach brimstich efterom. Dy manlju hienen fansels no al wer healwiis praat en de dei moast noch begjinne. ‘Kinne jim miskien 10 tellen de mûle ticht hâlde?’ rôp se. De manlju laken har út. Akke de Vries ek altyd mei har geseur.
‘Wy geane earst nei de boat yn Grou’, sei juffer Hokwerda, dy’t de lieding hie. Se hie it briltsje op de punt fan de noas en se prate mei in strak mûltsje. Se stie njonken de sjofeur mei in echte mikrofoan yn de hân. Elkenien wie fuort stil. De dames skoden de taskes mei pipermuntsjes en oare lekkere dingen kreas op ’e skoat teplak en seagen nijsgjirrich ta in finster út. De reis koe begjinne.

‘Ik ha 11 kokoskoeken mei,’ flústere dikke Antsje, ‘jo witte mar noait wannear’t jo wer wat yn de hals fljocht.’ ‘Ik ha 8 sûkeladerepen mei,’ lake har buorfrou, ‘wy komme hjoed net om fan de honger Antsje.’ Antsje wie noch mar 59 jier, mar sy mocht al mei op stap om’t se net sa goed mear rinne koe. De sjofeur sette mei moai wat kilometers de sokken der yn: ‘Wy ride as in spear troch de bocht minsken,’ lake hy, ‘hâld jim fêst! It is noch sa’n 31-32 kilometer nei Grou. Wy binne der sa.’ Op de boat fan Zwiers stie de kofje klear en it folkje hie al gau yn de rekken dat se net by it grutte wetter del gongen, mar oer Nes en Akkrum oan de puollen ta. Sokke doarpen seagen der hiel oars út as jo se fan it wetter ôf seagen. Guon wisten net iens fan it bestean fan de grutte jachthaven yn Akkrum. ‘Ik ha hjir wol 25 jier net west,’ sei Pieter van Dellen, ‘heareminsken wat is it hjir feroare.’ ‘Ik wie hjir 2 jier lyn noch mei myn soan, dy hat in boat’, sei frou Dykstra grutsk. ‘Myn soan sit al wol 28 jier op it wetter. It is in grutte boat, der kinne wol 12 minsken op. Jim sille it net leauwe, mar der hawwe ek in kear 33 man oan board west.’ ‘No dan wie dat de stoomboat fan Sinteklaas seker’, lake frou Gercama. Frou Dykstra knypte de mûle stiif ticht en seach lilk fansiden.
Oer de Hearrensyl en de Goaiïngarypster Puollen fearen se op Skarsterbrêge oan, dêr’t it waarme miel klear stie. Antsje fleure hielendal op, sy hie sa stadichoan wol sin oan iten, want se hie ûnderwilens noch mar 9 kokoskoeken ophaffele. De boat lei oan by It Anker, in ferboude buorkerij. De tafels stienen al klear en elk koe mar oanskowe.
‘Sitte jim alle 58 teplak,’ rôp juffer Hokwerda, ‘dan kinne wy earst efkes stil wêze foar it iten.’ ‘Wy bidde noait’, kreake âlde Jantsje mei de eagen wiid iepen. ‘Sssst hâld dy stil’, warskôge Sibbeltsje mei de bûsdoek yn de hân. ‘Kinst dôchs wol efkes 7 minuten stil wêze?’ Jantsje gappe nei de siken, sa lang stil wêze, dan wie it sop fansels al lang kâld. Se die de eagen ticht en telde yn harsels om de tiid om te krijen: 14-15-16-17-18-19…. ‘Amen’, sei juffer Hokwerda plechtich en doe koe elk mar begjinne. De leppels tikken ritmysk yn de sopkoppen en Antsje hie it swit no al op de noas stean: ‘Tomatesop, lekker,’ gnúfde se, ‘dat krij ik thús noait.’

It iten yn It Anker wie poerbêst, elkenien smikkele dat it in aard hie. Der bleau dan ek neat oer, want alles wat  noch op tafel stie, waard noch gau efkes op Antsje har board skood. Dy buffele lekker troch, in wyt servet om de hals. Sokke dagen moasten jo jins kâns waarnimme, of net? Se hienen der op ’t lêst foar betelle en dat skoandere iten litte jo net stean. Doe kaam it neigesetsje, 24 minsken bestelden iis mei slachrjemme en in sierlik read kerske der op en 34 hienen leaver kofje. O, o wat wienen se moai fuort hjoed en wat wie Fryslân moai. Ontdek je plekje, sa wie it sawat. Eibert telde de boaten dy’t yn de fierte foarbyfearen: 35, 36, 37, 38, 39, 40! Wat in dei, wat in wille. Hjir hie er ek wol 75 gûne foar oerhân, jild moast rôlje, of net dan? In pear fleurige famkes fan sa’n 21 jier rêden nei it iten de boel wer op. Wer oan board rôp Doede: ‘Jeltsje, de wyn giet omheech.’ Jeltsje beret: ‘O heden jonge, dan is ús mêst te koart.’ Ja, der waard hiel wat ôflake dêr oan dek.
Underweis wie der ek noch in kopke tee foar elkenien. Nei it earste kopke rôp in fersoarger: ‘Ik kom noch wol efkes mei de pot lâns, no ja, de teepot fansels!’ Sibbeltsje sloech har op de knibbels fan wille. Hoe kaam sa’n man der by! Sa’n man mei al dy âlde minsken op stap. Hoe âld soe sa’n jonge no hielendal wêze, 26-27 jier? Of miskien 29-30?
Sa pratendewei kaam Grou wer yn sicht. Dêr oan it kanaal wienen oanleunwenten boud, wol sa’n 46-47 stiks. ‘Ik miende dat it 51 of 52 wienen’, sei Sibbeltsje. ‘Us Aukje wennet op nûmer 49.’ ‘Der steane ek noch aardich wat huzen leech,’ sei juffer Hokwerda mei in sekuer mûltsje: ‘de nûmers 41-42-43-44 en 45 binne noch te hier, sa ha ik my fertelle litten.’ ‘No dat is dan wat foar ús’, bearde Jantsje. ‘Ik wol wol nei Grou.’ Har man Ate spuide dêr raar guod fan. ‘Nei Grou? Noait fan myn libbensdagen! Al wurd ik 74 jier, noait nei Grou, ik ha der froeger 23 jier wenne en dat wie mear as genôch.’
Doe’t de boat wer oanlei rûgele elk wer oan wâl. Juffer Hokwerda telde de minsken, want der moast net ien efterbliuwe fansels: ‘53-54-55-56-57. Sa, wy binne der, want iksels bin de lêste.’
‘Wat hawwe wy in moai libben net, no’t wy boppe de 65 binne’, lake Eibert, dy’t it noch altyd wakker nei it sin hie. ‘No, boppe de 70 wurdt it al minder, of net?’ pipe Appie Knol.‘Ik bin no 72 en nije wike wurd ik 73, dat fielst wol hear.’ Doede swetste: ‘Ik bin no 71 mar ik ha nergens lêst fan, ik kin alles noch, wat seisto frou?’ ‘Man, doe’tsto 61 wiest, wiest al fersliten’, lake sy. ‘Ik bin no 69, mar ik draaf dy noch foarby.’ ‘Wat is leeftyd tsjintwurdich,’ eamele Ate fierder, ‘minsken fan 67-68 jier steane noch yn it folle libben.’
De bus rekke al wer aardich fol. De reis gong wer op hûs oan. Noch sa’n 64 kilometer en se wienen wer thús. De sjofeur boemele mei in gonkje fan sa’n 66 kilometer oer de smelle diken. It wie stil wurden yn de bus en hjir en dêr siet al ien te sliepen.
Der stienen wol sa’n 62-63 minsken yn de buorren doe’t de sjofeur de LAB-bus wer netsjes ûnder de kastanjebeammen parkearre. De minsken klapten doe’t de earsten wer út de bus stapten. Man, man, wat in moaie dei… sa koene se meimekoar noch wol 60 jier foarút!

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen