De Langsleattemer man
“Oer Earnewâlds rûge petten,
dêr’t ’t ûl’ en reiddomp nêsten bout,
dêr dangelet oan de lange sleatten
in spoeksel om, dêr’t elts fan grout.
In swarte tabbert om syn lidden,
stapt hy dêr nachts sa earnstich rûn,
en liket fol berou te bidden,
en dikeret jimmer nei de grûn.”
Otte Gerrits Feenstra, yn ‘e foarige ieu bakker yn Warten, gie mei syn beide jonges wol nei Earnewâld om dêr brea te bringen. Dan bleau er sa lang yn ‘e herberch te sûpen, oant er nei hûs moast, en dan seach er de Langsleattemer man. Dy kuiere de Spûkherne of de Tsienmêd lans en stapte dan oer de sleat op it Rammellân.
Gjin skipper doarste dêr nachts oan ‘e wâl te lizzen, want de Langsleattemer man luts de stokken of izeren spitten út ‘e grûn en smiet dy op it skip. As men der nei seach wie der neat te rêden, mar se hiene it dochs dúdlik heard.
Gjinien doarde dêr nachts yn de tinte te bliuwen. Se farden jûns mei in boatsje dwers oer it wetter nei de polder, om dêr yn de skuorre te sliepen op it spul fan Lútsen Jager.
Twa mannen út Aldegea ha dêr ek wol meand en yn dyselde skuorre sliept. Sy sizze dat se op in nacht de Langsleattemer man yn de skuorre sjoen hawwe. Sûnt dy nacht ha se nea wer yn de skuorre sliept.
De Langsleattemer man kaam ’s nachts sels nei Warten, en wol op it plak dêr’t no it brêgewachtershûs stiet. Ferskate lju ha him dêr sjoen. De bern doarsten jûns net om in boadskip en de âlden ek net.
It spoeksel wie klaaid yn in lange rok en mei in rûne hoed oer de eagen.
Auke Douwes Feenstra, boer en fisker, fiske fan augustus oant novimber yn ‘e Foarnejacht, ticht by de Gariper brêge en hie syn dochter by him.
It barde wol gauris, dat der guon, dy’t derop út west wiene, dêr oerset wurde moasten om nei Garyp te kommen.
Op in kear doe’t er mei it boatsje nei Earnewâld wie, moast de dochter op de aak bliuwe en op ‘e fûken passe. De jûns kaam der in tichte mist op, en de jongfaam miende oan de oare kant in man te sjen. Se roeide derhinne, mar der wie neat mear te sjen as heech opsketten reid en hantsjeriis. Dy lykje yn de mist wol op in minske. De jongfaam hie der lykwols fan kjeltme al safolle fan skipe, dat se sûnt dy jûn net goed wie en koart dêrnei ferstoar. Se hie de Langsleattemer man sjoen en dit koste har har libben. Mar de jongfaam hie ek in kwaal.
Dit foarfal waard de hiele Fryske wrâld oer bekend en fan dr. Eeltsje Halbertsma yn 1849 beskreaun (Rimen en teltsjes, s. 321).