Wat in feest!

Eartiids waard der meastal troud as in stel byelkoar wenje woe. Gewoante wie dat de breid op de troudei fanút it âlderlik hûs ophelle waard troch de brêgeman (bruidegom). De earste gong wie dan nei it gemeentehûs, dêr’t in amtner fan de boargerlike stân it pear foar de wet troude. Letter op de dei wie der faak in troutsjinst yn tsjerke, en de brulloft waard yn ’e regel op de jûns hâlden.

Lês it ferhaal en brûk de opdrachtkaart om te praten oer de oantinkens oan in brulloftsfeest. 

Ekstra: it lied 'Moarn sille wy de hjouwer slaan' op soundcloud. It ferske kin yn kanon songen wurde. 

 

 

 

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side