Keninginnedei: Triennen yn de eagen

It sifer njoggen hat altyd in spesjale betsjutting foar my hân. Ik bin nammentlik op 19-09 yn 1919 te Boalsert berne en ek nochris as njoggende bern yn de húshâlding. Ik hie ien broer en sân susters. Us heit kaam fan Minnertsgea en hannele yn Boalsert yn stront en branje. Myn broer fear dan mei de strontpream nei Amsterdam – de stront wie foar de bollefjilden – en naam branje mei werom: kooks, antrasyt en turf. Letter, doe’t ús mem stoar, is heit wer troud en krige ik der noch in healbroer en twa healsusters by.

Wy wiene by ús thús nochal oranjegesind, dat Keninginnedei wie in grut feest, miskien wol it grutste feest fan it jier. Doe’t ik noch in bern wie, fierden wy it fansels op 31 augustus, de jierdei fan keninginne Wilhelmina. It wie echt in dei om nei út te sjen. Foar myn gefoel wie it ek altyd moai waar. De jonges hiene koarte broeken oan en de famkes simmerjurkjes mei koarte pofmouwen. Myn âldere susters, dy’t hiel goed naaie koene, makken in feestjurkje foar my: wyt mei strookjes. Ik wie it jongste famke, dat ik kaam alhiel yn de pronk, mei in oranje strik yn it hier en in brede oranje sjerp om, skean oer it liif.

Moarns betiid giene wy earst mei de hiele skoalle – de Rehobothskoalle oan it Hynstepaad – yn optocht nei it stedhûs foar de aubade, it muzykkorps foarop. Wy holden twa by twa in bôge beet, dy’t prachtich fersierd wie mei allegear lytse oranje roaskes fan krêppapier. Op it plein foar it Boalserter stedhûs songen wy ferskes foar boargemaster Praamsma en foar de foarsitter fan it Oranjekomitee, dy’t op it bordes stiene. Ferskes as it Wilhelmus, In naam van Oranje doe open de poort en Waar de blanke top der duinen, dy’t wy fan tefoaren op skoalle leard en repeteard hiene. Wy einigen altyd mei it Frysk Folksliet. Dêr krige ik steefêst de triennen fan yn de eagen, sa spruts dat my oan.

Wat diene wy fierder? Wy sille grif wol wat lekkers krigen ha en ranja, mar dat wit ik net mear. Middeis diene wy yn alle gefallen spultsjes op it sportterrein. De lytse famkes moasten flachjestekke yn in stove, de wat grutteren waskophingje. En de jonges moasten petsjegoaie of troch sekken krûpe, dy’t oan beide kanten iepen wiene.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen