Keninklike puzel

Foar Keningsdei en alle oare feestlike gelegenheden fan it Keningshûs. Mei Keningsdei, op 27 april fiert elkenien feest. It is foar alle Nederlanners in nasjonale feestdei. Lange tiid wie it net Keningsdei mar Keninginnedei (op 30 april). Ta eare fan de eardere keninginnen HKH Emma, Wilhelmina en Beatrix. De measte âlderein witte dêr grif mear oer te fertellen. En sa sille se ek witte wa't de leden fan de Keninklike famylje binne.

As feestlike aktiviteit kin de Keninklike puzel (Oranje puzel) brûkt wurde. 

Rjochtsboppe kin de puzel downloaden wurde. Tip: printsje de puzel út op oranje papier!

Foar wa't graach in grutter skriuwfel brûke wol is in aparte bylage mei de ynfolfakjes makke om op A3 of A4 papier te printsjen. 

In protte wille tawinske en in moaie feestlike dei! 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side