Keninginnedei: Nasjonale feestdei

Keninginnedei is in nasjonale feestdei dy’t sûnt 1949 fierd wurdt op 30 april, de jierdei fan keninginne Juliana. Earder waard dizze dei fierd op 31 augustus, de jierdei fan har mem keninginne Wilhelmina. Noch foar de echte ‘Keninginnedei’ waard op 31 augustus 1885 de earste ‘Prinsessedei’ organisearre, de dei dat de jonge prinsesse Wilhelmina fiif jier waard.

Nei de dea fan kening Willem III yn 1890, waard Prinsessedei opfolge troch Keninginnedei, in feestdei foar bern. Op har 18e jierdei, 31 augustus 1898, kaam Wilhelmina as keninginne op de troan, sy waard ynhuldige op 6 septimber.

By har troanopfolging op 30 april 1980 naam keninginne Beatrix it beslút dat Keninginnedei tenei net op har jierdei fierd wurde soe, mar op de jierdei fan Juliana. Sy beskôge dizze nasjonale feestdei as in earbetoan oan har mem.

 

in moaie dei

’t Is feest, dat kinst wol sjen.

Dy mei dy flagge dat bin ik,
dy mei dy sjerp myn broer.

Sjoch ús dêr stean, twa bern,
moai hân yn hân.

Hoera, hoera!
Hiper-de-pyp en sa
en wat sille wy in wille ha...

Aanst komt de keninginne!

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen