De gouden brulloft fan Hidzer en Styn

It sil 1950 west ha. Ik wenne mei ús heit en mem yn in wenarke yn Hurdegaryp. Ik wie de tredde fan fjouwer bern. Ik waard besteld by slachter Wassenaar yn Sint Jabik as faam foar dei en nacht. Ik wie doe fjirtjin jier. Ik hie it dêr wol nei it sin. Unwennich wie ik net, want wy wiene altyd al wat in reizgjend folkje. Ik ha as bern ek op in hiele soad ferskillende skoallen sitten. Dan learst it wol om dy oan te passen oan allerhande sitewaasjes dêrst sels net foar kiest.

Us pake en beppe wennen yn dy tiid yn de Westerein dêr’t ús heit ek opgroeid is. It wiene hurdwurkjende minsken dy’t it net rom hân hawwe yn it libben. Trije broers fan ús heit wennen noch by harren yn ’e hûs. De Kûle hjitte it dêr, in echte arbeidersbuert. Wâldhúskes, meast mei in stikje hiem. Pake en beppe, Hidzer Wijbenga en Stijntje van Kammen, wiene fyftich jier troud. De jonges dy’t noch yn ’e hûs wennen, woene dêr in feest fan hawwe.

Ik woe dêr fansels graach hinne, mar ik doarst it hast net te freegjen op it wurk. Ik ha it dochs dien en ta myn ferrassing wie it gjin probleem. Ik mocht twa dagen frij. De mem fan de slachter, beppe Botsje, sei tsjin my: “No fanke, dan moatsto fansels ek in stikje dwaan.” Dat ik oan it oefenjen mei in foardracht. Dat die ik meast boppe op de souder dêr’t ik by min waar de wask op de droechstokken hingje moast. Ik die myn bêst. By de VCJC, de Vrije Vogels, yn Sint Jabik die ik ek wolris mei oan foardrachten en sa en dat fûn ik prachtich wurk!

It wie yn de maitiid. Wy gongen mei heit en mem op de fyts fan Hurdegaryp nei De Westerein. Wy soene dêr ek in nacht útfanhûs bliuwe. Sa’n feest wie doe hiel wat foar de minsken. Der wie gjin jild om in seal ôf te hieren of sa, dat it moast allegear thús holden wurde. It hat grutte yndruk op my makke. Wat in organisaasje en wat in ynset! Ik bin no al aardich oer de santich, mar ik sil it noait wer ferjitte.

Foar it feest hiene de minsken by ús beppe meiinoar de hiele wenkeamer leechhelle, it flierkleed, de tafel, alles wat mar yn it paad stean koe waard salang by de buorlju ûnderbrocht. Der kamen in pear skragen mei planken yn de keamer te stean, dat wie de tafel. In wyt lekken derop, it moaiste servysguod, túnkaantsjes yn de knop yn de faaskes, sigaren en sigaretten, alles wie der. De kastdoar tusken de beide bedsteden wie derút tild en der kaam in brede planke oer de kastplanke hinne, ek mei in wyt lekken. Dat wie de taap. Flessen mei drank foar de folwoeksenen en drinken foar de bern, alles stie kreas op in rychje. De manlju dronken meast in jonkje en de froulju in swiet drankje. Foar de bern wie der poeiermolke of ranja.

De bedstee yn de gong wiene ek de doarren foarwei helle. Dêr wie in garderôbe fan makke. Der stie ek ien by om de jassen op te hingjen en de huodden op de bedsplanke te lizzen. By de doar stie de seremoanjemaster mei in opskriuwboekje. Dêr koest dy opjaan om in stikje te dwaan.

Pake en beppe fansels pontifikaal achter de tafel. Rûnom wiene stuollen weihelle by de buorlju dy’t allegearre meiholpen by it feest. Sa waard der ek akkordeon en mûleharp spile en der wie ek ien mei in gitaar. Buorfamkes mei wite skelkjes yn de betsjinning.

It begûn middeis al om in oere of trije mei de famylje. Nei de kofje en de oranjekoeke gongen wy in slachje om it hûs. Doe wie it tiid foar broadsjes. Dêrnei kamen ek de minsken út de buert del. Kloften folk yn de keamer dy’t blau stie fan de reek.

It optreden koe begjinne. Earst kaam de Sniselbank, mei in soarte fan kearsankje oer it libben fan pake en beppe dat elkenien meisjonge koe. De stimming siet der al gau yn. Ik ha doe ek myn stikje opsein en it wie in grut sukses. Ik koe wol by it toaniel, seine se.

Wy sieten letter mei it jongfolk achteryn it hûs. Sa’n feest wie ek in geskikt plak om ferkearing te sykjen, sa faak krigen wy dêr de kâns net ta. Fan in brulloft kaam in brulloft, ommers? It wie hiel gesellich allegear. Soms waard der ien dronken fuortbrocht achterop in fyts. Wy swalken noch wat troch it doarp. Underweis wie der wol wat tútsjeboarterij, mar allegear noch sa ûnskuldich as wat.

Foar my wie it dy dei ien grut feest en pake en beppe ha der ek noch lang oer neipraat . Spitigernôch binne der gjin foto’s makke, dêr prakkesearden wy doe noch net oer.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side