Folksferhaal Ferwâlde: It Magnusfindel
Friso, de stamâlder fan de Friezen, hie út it Easten twa wûnderlike saken meinaam: in read findel en in izeren kroan. Dizze findel en kroan wiene fan heit op soan trochjûn en lang nei Friso’s dea waarden se bewarre yn timpel Tanfana. Wannear’t it lân yn gefaar wie of as der wichtige belangen op it spul stiene, dan waard it seldsume erfskip te brûken jûn oan de bestjoerders fan it Ryk. Wie it gefaar oer, dan waarden it findel en de kroan wer nei de timpel brocht.
Nei ferrin fan tiid waard de kroan stellen troch hantlangers fan de kening fan Denemarken. Doe’t de saken fan it lân minder waarden, betochten de Friezen wat se ferlern hiene. Om it findel net kwyt te reitsjen, waard dit djip yn 'e grûn begroeven. Mar in pear minsken wisten fan it skûlplak fan dit hillige doek.
Mear as fiifhûndert jier bleau it findel begroeven, sadat it oantinken oan it Magnusfindel hast ferlern gien wie. Oant de hillige Willebrord nei Fryslân kaam wie om it Kristendom te predikjen. In ingel wiisde him it plak oan dêr’t it reade findel begroeven wie. Sint Willebrordus groef sels it findel op en seach dat it der noch keurich útseach. Hy joech it findel oan Magnus Forteman, de earste graaf fan Bentheim. En de saken yn Fryslân giene wer de goede kant op.
Magnus gie de striid oan tsjin de Saracenen en oeral wêr’t hy focht, wie de oerwinning foar de man mei it reade findel. Want it findel hie fjouwer eigenskippen. It mocht gjin skea jaan, beskerme tsjin kweade geasten, it findel hie de krêft om de ban der betsjoening te ferbrekken en it brocht fiktoarje en oerwinnings. Dit findel iepene alle poarten, eltse kening woe it wol ha.