’t Boaskjen fan jongelju 1

Yn Alde Leafde binne brieven byelkoar brocht fan ferskate Friezen dy’t yn de perioade 1940-1975 skreaune oan harren leafsten. Fan alle brieveskriuwers is ek in koart libbensferhaal te lêzen en it gehiel is oanfolle mei de troufoto’s út dy tiid.

By it boek binne ferskate opdrachtkaarten makke om te brûken by it kontakt mei âldere minsken, sa as yn de soarch.

’t Boaskjen fan jongelju 1

Tryntsje en Teake leare elkoar kennen yn de jierren tritich. Famylje is belangryk foar harren. As Tryntsje har frijer net folle sjocht, skriuwt har broer Tjeerd him oft er faker komme wol. Sa harmonieus giet it net altyd, mar famylje bliuwt famylje en dus belangryk.

Doel fan dizze aktiviteit is fertelle oer famyljeleden oan wa’t de dielnimmers goede oantinkens hawwe.

Rjochtsboppe neist de tekst fine jo de opdrachtkaart om as pdf te downloaden. 

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side