Leafde en papier 2
Yn Alde Leafde binne brieven byelkoar brocht fan ferskate Friezen dy’t yn de perioade 1940-1975 skreaune oan harren leafsten. Fan alle brieveskriuwers is ek in koart libbensferhaal te lêzen en it gehiel is oanfolle mei de troufoto’s út dy tiid. By it boek binne ferskate opdrachtkaarten makke om te brûken by it kontakt mei âldere minsken, sa as yn de soarch.
Leafde en papier 2
Oait wie it skriuwen fan in brief de iennichste mooglikheid om kontakt te hâlden op ôfstân. Wat hiene in pear wurden op papier dan in kracht! Hjoed-de-dei binne der in hiel soad nije mooglikheden, lykas telefoan, e-mail, facetimen, whatsapp en Facebook. Hawwe berjochten fia sokke media likefolle ympekt as eartiids in brief?
Doel fan dizze aktiviteit is kontakt meitsje fia papier of fia moderne kommunikaasjemiddels.
Rjochtsboppe neist de tekst fine jo de opdrachtkaart om as pdf te downloaden.