Leafde en papier 1
Yn Alde Leafde binne brieven byelkoar brocht fan ferskate Friezen dy’t yn de perioade 1940-1975 skreaune oan harren leafsten. Fan alle brieveskriuwers is ek in koart libbensferhaal te lêzen en it gehiel is oanfolle mei de troufoto’s út dy tiid. By it boek binne ferskate opdrachtkaarten makke om te brûken by it kontakt mei âldere minsken, sa as yn de soarch.
Leafde en papier 1
It skriuwen fan brieven wie earder needsaak, mar ek moai om te dwaan. Tjamme Valk skriuwt brieven as hy yn 1950 yn Ynje ferbliuwt oan syn freondinne Janke Siesling. Hoe koart oft Tjamme syn brief ek is, dochs sjochst de jongfeint foar dy op de pasar.
Doel fan dizze aktiviteit is skriuwe foar it plezier, oantinkens ophelje en meielkoar in spultsje dwaan en elkoar op dy manier better kennen leare.
Rjochtsboppe neist de tekst fine jo de opdrachtkaart om as pdf te downloaden.